Springe nei ynhâld

LifeLines

Ut Wikipedy

It LifeLines-ûndersyk is it minimaal tritich jier duorjende wittenskiplike ûndersyk yn Noard-Nederlân. Der sille úteinlik sa'n 165.000 minsken oan meidwaan.

It ûndersyk begroete yn desimber 2010 de 40.000ste dielnimmer. Se wurde fysyk ûndersocht en befrege oer harren sûnens en libbensstyl. Ungefear fiif jier letter bart soks nochris. Sa wol it UMCG, dêr't LifeLines út opsetten is, de ûntwikkeling fan harren sûnnens folgje. De wittenskippers hoopje antwurd op de fraach te krijen hoe't minsken op sune wize âlder wurde kinne.

LifeLines, dat ein 2006 begûn, is ûnderdiel fan it Healthy Ageing-projekt fan UMCG en Ryksuniversiteit Grins.