Liddige kening
Appearance
Liddige keningen is de beneaming foar de Merovingyske keningen yn it tiidrek fan de hofmeiers (634 - 751).
De hofmeiers, dy't ynearsten allinnich bestjoerders fan de Merovingyske hôven wienen, koenen yn de rin fan de tiid hieltiten mear politike macht nei har talûke, oant sy lang om let it feitlik bewâld hienen. De posysje fan de keningen waard stadichoan marginalisearre en spile allinnich noch in seremoanjele rôle.
Troch de lettere Karolingen waarden dizze keningen ôfskildere as les rois fainéants, 'de Liddige keningen': keningen dy't in lúkse libben lieden sûnder ek mar in krissel maatskiplike ferantwurdlikens te hawwen.