Springe nei ynhâld

Gemeenteriedslid

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lid fan de gemeenterie)

In gemeenteriedslid, yn 'e sprektaal gauris ôfkoarte ta riedslid, is in keazen folksfertsjintwurdiger binnen in gemeente. Alle gemeenteriedsleden fan ien gemeente mei-inoar foarmje de gemeenterie. De funksje fan in gemeenteriedslid op gemeentlik nivo is yn Nederlân ferlykber mei dy fan Twadde-Keamerlid op lanlik nivo en dy fan lid fan 'e Provinsjale Steaten op provinsjaal nivo. Krekt sa't in Twadde-Keamerlid tafersjoch hâldt op it regear fan Nederlân, en in lid fan 'e Provinsjale Steaten op it provinsjaal bestjoer dat troch Deputearre Steaten útoefene wurdt, sa hâldt in gemeenteriedslid tafersjoch op it belied fan it Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders, dat de útfierende macht binnen in gemeente hat.

Gemeenteriedsleden wurde troch alle kiesgerjochtige boargers keazen by gemeenteriedsferkiezings, dy't yn Nederlân ienris yn 'e fjouwer jier holden wurde. Ornaris binne gemeenteriedsleden lid fan in politike partij. Faak is dat in lanlike partij, mar fral yn lytsere gemeenten wurde ek in protte gemeenteriedsleden keazen dy't pleatslike listen fertsjintwurdigje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.