Lichtenfels (kastiel)

Ut Wikipedy
Lichtenfels
  kastiel
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Hessen
plak Lichtenfels-Dalwigksthal
koördinaten 51° 8' N 8° 48' E
Skiednis
stifter 1189; 1223 en 1230
ferneatiging 12e iuw, 17e iuw
Oars
type hichteboarch
hichte 383 m
tagonklikens bûten eveneminten net tagonklik foar besikers
Kaart
Lichtenfels (Hessen)
Lichtenfels

De Boarch Lichtenfels (Dútsk: Burg Lichtenfels) is in kastiel yn 'e gemeente Lichtenfels yn 'e lânkring Waldeck-Frankenberg yn 'e Dútske dielsteat Hessen. It kastiel leit op in rots boppe it doarpke Dalwigksthal, op it plak, dêr't de Orke, in sydrivierke fan 'e Eder, de Waldeckische Schweiz (minder bekend as de Örksche Schweiz) yn streamt.

Geografyske lokaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hichteboarch stiet likernôch 700 m eastlik fan it doarpke Dalwigksthal boppe de boskrike en kringeljende delling fan 'e Orke. It kastiel stiet op in 383 m hege rots, dy't ûnderdiel foarmet fan 'e 432,4 m hege Eisenberg.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kastiel waard yn 1189 troch de abt Witukind fan it kleaster Corvey as hichteboarch boud. Al rillegau dêrnei waard it kastiel ferneatige, mar tusken 1123 en 1230 troch abt Herman I waard it kastiel op 'e nij boud. Op 21 july 1267 joech Corvey it kastiel as pân oan greve Adolf I fan Waldeck. Nei in fûle strideraasje moast Corvey yn 1297 it besit fan it kastiel definityf oan greve Otto I fan Waldeck ôfstean. Dêrnei wie it kastiel foar in hiel skoft fan 'e hearen fan Dalwigk, lienmanlju fan 'e greven fan Waldeck.

By it kastiel hearde ek in delsetting mei in tsjerke. Tusken de 14e en de ein fan 'e 18e iuw hiet dat plak Eisenbeck (yn 1598 ek Ensenbecke). It hjoeddeiske Dalwigksthal ûnstie pas yn 1851.

As hartoggen fan Westfalen makken de aartsbiskoppen fan Keulen ek oanspraak op plakken yn 'e krite, itjinge yn 'e 16e en 17e iuw ta lange prosessen en strideraasjes late. Yn 'e rin fan dy striid waard it kastiel nei alle gedachten oan it begjin fan 'e 17e iuw op 'e nij ferneatige. Foar in part waard it kastiel doe yn 1631 wer opboud, in gruttere restauraasje folge tusken 1908 en 1914.

Hjoeddeisk gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt de jierren 1960 tsjinne it folslein restaurearre kastiel as in rekreaasjeoarde foar in bedriuw út Bielefeld. Sûnt 1980 kocht in ûndernimmer it kastiel, dy't ek in restauraasje útfiere liet. Ek hjoeddedei is it kastiel fan in bedriuw. Yn it kastiel wurde regelmjittich konserten organisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Burg Lichtenfels (Lichtenfels)