Springe nei ynhâld

Liber Historiae Francorum

Ut Wikipedy

Liber historiae Francorum (Skiednisboek fan de Franken) is in ier midsiuwwsk manuskript, skreaun yn it Latyn en stamjend út de tiid fan de Merovingyske kening Teuderik IV (721-736). De wênstige datearring foar it skrift is 727. Eartiids waard ek de titel Gesta Francorum brûkt. De skriuwer is net bekend, mar hy soe mooglik in muonts west hawwe kind fan de abdij fan Sint-Denis (stiften troch kening Teuderik) of fan de keninklike abdij fan Sint-Medardus yn Soissons. Sa as yn dy tiid gebrûklik wie befettet it in griemmank fan foarfallen, fabels en optinksels. It skiednisboek hie as doel de eftergrûn fan de Merovingyske dynasty te fersterkjen. As boarne foar dit wurk wurde beskôge de earste seis boeken fan Decem Libri Historiae fan Gregoarius fan Toers (oant 584 AD) en mûnlinge oerlevere skiednisferhalen fan it Frankyske folk, faaks lynjend op in epyske tradysje en teksten dy't ferlern rekke binne.

It Skiednisboek fan de Franken bestiet út 53 haadstikken, dêr't yn ferteld wurdt dat de Franken fan in kloft Trojaanske flechtlingen út it Swarte-Seegebiet ôfstamje. Mei dit ferhaal stipet de Historia Francorum swier op Decem Libri Historiae fan Gregorius fan Toers. Ek komt der in lange list fan nammen yn foar mei diels fiktive keningen, dêr't de Merovingen fan ôfstamje soenen. Pas fan Gilderik II ôf liket der ienige wierheid yn de leginden te kommen.

De lêste alve haadstikken stean los fan de skiednisskriuwerij fan Gregoarius (dy't yn 594 ferstoarn wie) en befetsje wichtige ynformaasje oer de sânde en achtste iuw, dy't net bekend binne fan oare boarnen. Neutraal is it skiednisferhaal net bepaald, de skriuwer wie dúdlik yn tsjinst fan de kening. It slothaadstik hannelt oer de Frankyske kening Karel Martel.

In oarspronklik manuskript fan de Historia Francorum, dy't yn de Midsiuwen al wiid ferspraat wie, is net oerlevere, wol besteane der iere fragminten út de achtste en njoggende iuw, dy't lykwols aardich korrupt binne. De hânskriften dy't út de alfde iuw komme, wurde pas betrouber achte.