Springe nei ynhâld

Leusden-Súd

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Leusden-Súd
Lokaasje yn de gemeente Leusden

Leusden-Súd is in wenkearn yn de gemeente Leusden yn de Nederlânske provinsje Utert en leit súdlik fan Amersfoart. Oant 1969, doe't de gemeente Leusden mei de gemeente Stoutenburg fúsearre, hiet it doarp Leusbroek. Ek stie it doarp foar in skoft bekend as Nieuw-Leusden.

Leusbroek ûntstie yn de midsiuwen troch it oanmeitsjen fan de Leusderberch. Ta de wyk hearre guon histoaryske pleatsen (buorskip Bavoort), lânhûs Den Treek en in njoggentjinde iuwske wettersteatstsjerke. Dy tsjerke, de Doarpstsjerke, fan Leusbroek, waard yn 1828 boud om de tsjerke fan Oud-Leusden te ferfangen. It ekonomysk mulpunt fan it gebiet ferpleatste him stadichoan ta it easten yn de plakken Leusbroek en Hamersveld, hjoed-de-dei Leusden-Sintrum.

Yn 1969 waarden Leusbroek en Hamersveld repektivelik omneamd ta Leusden-Súd en Leusden-Sintrum. Yn dy snuorje ferskynde de namme Leusden foar it earst op de kaarten.

Leusden-Súd hie yn 2009 1.940 ynwenners. Troch útwreidings fan d ewenwyk Tabaksteeg woeks it doarp fêst oan it plak Leusden sels. Ek falle de postadressen fan Leusden-Súd ûnder Leusden.

Yn de wyk Tabaksteeg is it winkelsintrum Winkelcentrum Zuidhoek.



Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Leusden
Doarpen:
AchterveldLeusdenLeusden-SúdStoutenburg
Buorskippen:
AsschatMoorstMusschendorpOud-LeusdenSnorrehoef
· · Berjocht bewurkje