Lettertype
Appearance
In lettertype, ek wol oantsjut mei de Ingelske term 'font', is yn de typografy in stilistysk gearhingjende set tekens dy’t meast letters, sifers en lêstekens útbyldzje. De set kin ek oare symboalen yn hawwe of dêr hielendal út bestean, lykas it gefal fan wiskundetekens. In soad tekstbewurkers jouwe de brûker de mooglikheid ferskatee lettertypen te kiezen, lykas 'Times New Roman, Calibri, Helvetica, Arial of Courier.
In lettertype is in ferskiningsfoarm fan in letterfamylje (Inelsk: typeface). It lettertype Times koe foarkomme yn ferskate fonts, lykas 10 punts kursyf, 7 punts fet, ensfh. It wurd ‘font’ hinget gear mei it Latynske wurd foar jitte, en ferwiist nei de yn lead, antimoan en tin getten setletters.