Lette lânskipsstyl
Appearance
De lette landschapsstijl is in túnstyl yn Nederlân dêr't in wrydsk lânskip yn neimakke wurdt.
Skaaimerken fan dizze styl binne floeiende foarmen en in sterke ôfwikseling fan beplanting. Karakteristyk foar de styl binne ek de fiersichten, iepen romten, beamkûlissen en de oanplant fan solitêre eksoatyske beamen en/of beamgroepen en streamkes troch it park. Dizze styl folge de iere lânskipsstyl op en hie de hichte yn de perioade 1815-1870.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |