Springe nei ynhâld

Lemelerveld

Ut Wikipedy
Lemelerveld
Katolike Hillich Hert fan Jezustsjerke (2012)
Katolike Hillich Hert fan Jezustsjerke (2012)
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Dalfsen
Sifers
Ynwennertal 4.825 (2023) [1]
Oerflak 21,43 km²
dêrfan lân: 21,26 km²
dêrfan wetter: 0,16 km²
Befolkingsticht. 225 ynw./km²
Oar
Ferkearsieren N348
Postkoade 8151-8153
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 26' NB, 6° 20' EL
Offisjele webside
webstee fan it doarp
Kaart
Lemelerveld (Oerisel)
Lemelerveld

Lemelerveld is in plak yn de Oeriselske gemeente mei deselde namme. It doarp hat 4.825 ynwenners (2024). It doarp leit yn de streek Sallân.

Yn 1866 fêstige him de Overijsselse Beetwortelsuiker Fabriek oan it krekt groeven Oeryssels Kanaal yn in krite dêr't nije lânbougrûnen ûntginne wiene. It doarp ûntstie oan de krusing fan it Oeriselsk Kanaal en de trochgeande dyk fan Ommen nei Raalte.

Fan 1910 oant 1935 hie it doarp in stasjon oan it spoar fan Dimter nei Ommen fan de OLDO. Krekt bûten it stasjon wie der in spoaroansluting nei it sûkerfabryk en de haven oan it kanaal. Der is in monumintsje te finen op it plak fan it eardere stasjon[2][3]

Lemelerveld ûntwikkele him ta in sintrum foar oan- en ôffier fan benammen lânbou produkten. It wichtichste bedriuw en grutste wurkjouwer yn de omjouwing bleau oant de sluting yn 1917 it sûkerfabryk. Der kamen ek oare yndustriële aktiviteiten. Mei it tanimmen fan de wurkgelegenheid groeide it doarp.

Oant 1997 hearde allinnich de westlike helte fan it doarp by de gemeente Dalfsen, de eastlike helte hearde by Ommen en guon bûtengebieten by Heino en Raalte. Ta oantinken oan de eardere bestjoerlike yndieling fan Lemelerveld is der it keunstwurk "De Kruiskuil" dat op it eardere fjouwergemeentenpunt stiet. De eardere ûnderferdieling tusken de fjouwer gemeenten is no noch te werkennen yn de ferskate postkoades yn it doarp. It part dat foar 1997 yn de gemeente Ommen lei hat postkoade 8151, it part yn dat by Dalfsen en Heino hearde hat postkoade 8152 en it part fan gemeente Raalte hat postkoade 8153.

Lemelerveld leit healwei Raalte en Ommen oan de N348, yn de provinsje Oerisel súdwestlik fan de Lemelerberch in 60 meter hege heuvel. Westlik fan Lemelerveld leit it doarp Lemele, en súdlik leit it doarp Luttenberg. Westlik fan Lemelerveld leit it doarp Heino en súdwestlik is Raalte te finen. Benoarden fan Lemelerveld is it buorskip Damsholte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Dalfsen
Doarpen:
AnkumDalfsenHoonhorstLemelerveldNieuwleusenOudleusen
Buorskippen:
BroekhuizenDalfserveldDalmsholte (foar in part)De MarshoekDe MeeleEmmenEngelandGernerHessumHoltLentheMataramMillingenOoster-DalfsenOudleusenerveldRechterenRosengaardeRuitenveenSlennebroekStrenkhaarVennenbergWelsum
Eardere doarpen en buorskippen:
Den Hulst
Wetter:
DedemsfeartFechtOeriselsk Kanaal
· · Berjocht bewurkje