Lemba
De Lemba of wa-Remba binne in folk yn it suden fan Afrika en wenje yn Simbabwe en Súd-Afrika, Mozambyk en Malawy. Neffens Parfitt bestiet it folk út likernôch 70.000 minsken.[1] In protte fan harren wolle hawwe dat de Afrikaanske Joaden foar in part fan Joadske minsken ôfstamme.[2]
Alhoewol't de Lembas in Bantû-taal sprekke, hawwe sy spesifike religieuze brûkmen en in leauwen dat in protte oerienkomsten hat mei it Joadendom, brûkmen dy't neffens guon mûnling oerlevere binne. Tsjintwurdich, binne in protte Lemba Kristenen of Moslim mei Joadske gebrûken. Resinte genetyske analyzes hawwe fêststeld dat in grut part fan de Lembabefolking foar in part fan Semitysk (Midden-Easten) komôf is.[3][4]
De namme "Lemba" soe syn oarsprong hawwe yn chilemba, a Swahili-wurd foar de 'tulbânnen' dy't troch East-Afrikanen droegen wurde, of yn lembi in Bantû wurd dat betsjut "net-Afrikaansk" of "respektearre bûtenlanner".[5]
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Falasja's (Etioopje)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|