Springe nei ynhâld

Earlel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lel (minsken))
It útwindige diel fan it minsklik ear, mei ûnderoan de lel.

It earlel (Latyn: lobulus) is yn 'e minsklike anatomy it ûnderste diel fan 'e earskelp, dy't it útwindige diel fan it ear útmakket. Oars as de earskelp bestiet it earlel net út kreakbien, mar út fetweefsel. De foarm fan earlellen ferskilt per persoan. By guon lju binne de earlellen oan 'e hûd fan 'e sydkant fan 'e hals fêstgroeid, wylst se by oaren los hingje en inkeld fan boppen oan it ear fêstsitte.

In protte minsken, benammen froulju, mar ek in soad manlju hawwe piercings troch de earlellen: by manlju ornaris troch ien fan beide earlellen en by froulju troch allebeide. Troch dy earlelpiercings hinne drage sokken by wize fan lichemsfersiering dan earbellen, earringen, earknoppen of oarsoartige sieraden. Dat gebrûk komt net inkeld yn 'e Westerske maatskippij foar, mar teffens yn grut tal oare sawol histoaryske as hjoeddeistige kultueren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.