Springe nei ynhâld

Lekkanaal

Ut Wikipedy
Lekkanaal
Lokaasje fan it Lekkanaal yn de omkriten fan Utert
Lokaasje fan it Lekkanaal yn de omkriten fan Utert
geografy
lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
ûntspringt yn Amsterdam-Rynkanaal by Nieuwegein
mûnet út yn Lek by Nieuwegein
plakken Nieuwegein
sifers
lingte 4 km

It Lekkanaal is in kanaal yn de Nederlânske provinsje Utert. It kanaal is krapoan fjouwer kilometer lang en ferbynt it Amsterdam-Rynkanaal mei de rivier de Lek. It kanaal leit eastlik fan it Merwedekanaal en it plak Nieuwegein. In goed kilometer noardlik fan de oansluting mei de Lek lizze de slûzen fan de Prinses Beatrixsluizen. Dat slûzekompleks en it kanaal waarden op 4 augustus 1938 iepene.

Der lizze trije brêgen oer it kanaal hinne; ien eastlik fan de wyk Plettenburg en twa eastlik fan Vreeswijk.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]