Leeuwenburg (Driebergen)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Leeuwenburg

Huzinge Leeuwenburg is in bûtenpleats oan de Langbroekerdyk 39 yn Driebergen yn de provinsje Utert. It bûten dat boud waard yn 1657 wurdt ek Zoudenbalch neamd nei de bouwer Christiaan fan Vianen yn opdracht fan de de Utertske patrysjer Gerard Zoudenbalch. It blokfoarmige hûs bestie út trije ferdjippings en wie omgrêfte. Fia in stienen brêge oer de grêft koed e yngong op de earste etaazje berikt wurde. Oan de eastside fan it haadgebou stiet in hôf mei in houten dowetoer. It gebou is in ryksmonumint.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1657 - 1667 Gerard Zoudenbalch
  • 1667 - 1692 Melchior Toussain
  • 1692 Adriana Bleekman, troud mei George fan Ophoven
  • - 1748 Gideon Boudaan
  • 1748 Johannes Matthijs Swemmelaar
  • - 1808 Joachim van Vliet
  • 1808 Arnoud Jan van Westrenen, hear fan Sterkenburg
  • - 1854 Jan Antony Godin van Westrenen
  • 1854 Arnoud Jan en Pieter de Beaufort
  • ± 1857 Jonkhear Pieter de Beaufort
  • - heden famylje De Beaufort

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: