Lechityske talen

Ut Wikipedy
Hjoeddeistige taalkaart fan 'e Slavyske talen

Mei de Lechityske talen wurde trije ferskillende West-Slavyske talen bedoeld dy't yn Sintraal-Europa en benammen yn Poalen sprutsen wurde. Neist Poalen waarden de Lechityske talen eartiids ek sprutsen yn grutte dielen fan hjoeddeistige noardeasten fan Dútslân, sa likernôch yn de dielsteaten Meklenboarch-Foarpommeren en it noarden fan Brandenboarch.

Der wurdt tocht dat de Lechityske talen har tusken 500 en 800 n.Kr. fan de oare West-Slavyske taalfarianten ôfskieden hawwe. De namme "Lechitysk" is ôflaat fan de Ljachen, de semy-legindaryske foarâlden fan de Poalen en it âlde Slavyske wurd "lěchy (fgl. de namme *čěchy foar de Tsjechen).

De Lechityske taalfamylje wurdt sa klasifisearre: