Springe nei ynhâld

Learaardei

Ut Wikipedy
Teacher Appreciation Week op in skoalle yn Floarida

Learaardei of Dei fan de Learaar, is in spesjale dei om wurdearring foar ûnderwizers en leararen sjen te litten. De dei wurdt fierd yn goed 90 lannen fan de wrâld. De datum is sûnt 1962 in pear kear feroare, wêrtroch't de dei yn ferskate lannen op ferskate mominten fierd wurdt. Yn ûnder oare België, Dútslân, Nederlân en it Feriene Keninkryk falt de dei op 5 oktober.

Op dizze dei leit de klam op de wurdearring fan learkrêften en is der omtinken foar it ûnderwiis as wichtige faktor yn de maatskippij. Dat kin soms mank gean mei fieringen om harren te earjen foar harren spesjale bydrage yn in spesifyk domein, of foar de mienskip yn it algemien. Der binne ferskate eveneminten om de dei te markearjen, fan lêzingen en sprekbeurten oant teäter.

It is foar in soad skoallen ek it momint om it ûnderwizend personiel in betankje te jaan en harren leararen en leararessen yn it sintsje te setten en wurde der geskinken jûn oan leararen en leararessen. Hieltyd faker jouwe ek âlden in presintsje oan de learaar of learares fan harren bern.

Yn Nederlân wurdt ek alle jierren in 'juffen en mastersdei' fierd.