Springe nei ynhâld

Laysanein

Ut Wikipedy
Laysanein

Pearke Laysaneinen.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai einen (Anas)
soarte
Anas laysanensis
Rothschild, 1892
IUCN-status: krityk
ferspriedingsgebiet

De Laysanein (Anas laysanensis) is in tige bedrige einesoarte út 'e famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). De ein libbet yn Hawaï en wie yn 1911 hast útstoarn. Nei 't de lêste populaasje wer genôch oangroeid wie, is de soarte op oare plakken heryntrodusearre.

Jerkje.

De ein waard eartiids wol as ûndersoarte beskôge fan 'e wylde ein, mar de Laysanein is mei in gewicht fan 420 oant 500 gram en in lingte fan 38 sm oant 43 sm in stik lytser as dy ein (de wylde ein is 50 oant 60 sm). De ein waard dêrom ek wol Laysantsjilling neamd, alhoewol't de piiptsjilling noch lytser is (35 sm).

De ein is foar it measte kastanjebrún. De hals en de kop binne wat donkerder. Om it each is der wat wyt. Der is fierder net in soad ferskil yn 'e fearren tusken jerkjes en wyfkes. Se ha in grien speculum. De jerkjes hawwe oranje poaten en wyfkes readbrune. Dêrnjonken hat it wyfke ek wat wite fearren op 'e kiel en de hals.

Wyfke mei piken.

De lêste populaasje fan 'e Laysanein foar de heryntroduksje op oare eilannen libbe op en om in lagune fan it eilân Laysan. Dêr ieten se fral nachts lytse garnalen en ynsekten. Fierder ite se planten en wetterplanten en de rûpen fan motten, dy't dêr foarkomme.

Se hawwe harren nêst ûnder strûken oan de kust fan lagunes. It lechsel bestiet út 5 oant 6 grutte, grieneftige aaien, dy't nei 26 dagen útkomme. De pykjes wege dan likernôch 30 gram.

Oarspronklik kaam de ein yn 'e hiele arsjipel fan Hawaï foar, mar yn 'e lêste 150 jier allinne noch op it eilân Laysan en op 'e noardwestike eilannen fan 'e arsjipel. Oan it begjin fan 'e 20e iuw wie de ein oeral útstoarn, útsein op it eilân Laysan, dêr't yn 1911 noch mar 20 fûgels telt waarden. Troch in beskermingsprojekt oerlibbe dy lytse populaasje op it eilân Laysan en wiene der yn 1987 wer likernôch 500 einen. Troch drûchte en sykte bleaune dêr yn 1993 noch 100 fan oer, mar de populaasje herstelde him en yn 2006 wie it tal wer tusken de 503 en 682.

Laysaneinen op it eilân Midway.

Krekt wat earder wie besletten om in tal einen te ferhûzjen nei it eilân Midway om dêr in nije populaasje mooglik te meitsjen. De populaasje groeide ek op Midway, mar botulisme en in tsunami yn 2011 soargen op 'e nij foar in foarse tebekslach. Yn 2014 binne der 28 einen oerbrocht nei it Kure Atol, it meast efterôf lizzende eilân fan 'e noardwestike Hawaïaanske eilannen. In jier letter waard bekend dat de yntroduksje ek dêr sukses hie en der yn alle gefallen 19 einepiken telt waarden.[1] Mei de slagge heryntroduksjes op Midway en Kure is de kâns op útstjerren fermindere.

De status fan 'e ein wurdt op de Reade list fan IUCN noch altiten krityk neamd. De populaasje fan 'e Laysanein ûndergiet noch altiten grutte fluktuaasjes en ek in mooglike stiging fan it seenivo foarmet in grutte bedriging foar de ein.

It tal einen wurdt neffens Birdlife (oproppen op 7 maart 2024) op 500 oant 680 folwoeksen fûgels rûsd.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Laysanente