Laurits Tuxen
Laurits Tuxen | ||
keunstner | ||
Foto troch Frederik Riise | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Deensk | |
berne | 9 desimber 1853 | |
berteplak | Kopenhagen | |
stoarn | 21 novimber 1927 (73 jier) | |
stjerplak | Kopenhagen | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Skilder, byldhouwer | |
streaming | Ympresjonisme, realisme |
Laurits Regner Tuxen (Kopenhagen, 9 desimber 1853 – dêre, 21 novimber 1927) wie in Deensk keunstskilder, byldhouwer en professor oan de Keninklike Deenske Akademy foar Skiene Keunsten. Hy wurdt assosjearre mei it ympresjonisme en hearde ta de Skagenskilders.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lauritz Regner Tuxen groeide op yn Kopenhagen. Hy wie in soan fan Nicolai Elias Tuxen (1810 -1891) en Bertha Laura Giødvad (1815-1908). Syn heit wie marineoffisier en direkteur fan de Deenske marineskipswerf (Orlogsvaerftet). De stillibben- en blommeskilderes Nicoline Tuxen (1847-1931) wie syn âldere suster.
Fan 1868 oant 1872 studearre er oan de Keninklike Deenske Keunstakademy tegearre mei Peder Severin Krøyer (1851-1909). Hy studearre fierder yn it Paryske atelier fan Léon Bonnat yn 1875-1876 en opnij fan 1877 oant 1878.
Tuxen besocht Skagen foar it earst yn 1870 en kaam ferskate kearen werom. Yn de jierren 1880 en 1890 reizge er in soad om portretten te skilderjen foar Europeeske keninklike famyljes, dêr't Kristiaan IX fan Denemarken, keninginne Victoria en de Russyske keninklike famylje ûnder wiene.
De Kunstnernes Frie Studieskoler waard yn 1882 oprjochte yn Kopenhagen, op inisjatyf fan in groep ûntefreden studinten fan de Keninklike Akademy foar Skiene Keunsten en as reaksje op it ferâldere ûnderwiis oan de Akademy. Laurits Tuxen waard de earste direkteur fan de skoalle en Peder Severin Krøyer ien fan de dosinten.
Yn 1914 makke er in stúdzjereis nei Grikelân om de yntocht fan George I fan Grikelân yn Salonika te skilderjen, foar it Kristlik Kastiel. Hy makke libbene en goed karakterisearre portretten, wêrûnder syn selsportret yn de Uffizi Galery yn Florence, en portretten fan P. S. Krøyer, yn it Museum voor Schone Kunsten yn Boedapest. Hy makke ek portretten yn byldhouwurk, wêrûnder in portretgroep fan Krøyer en Michael Ancher. Tuxen skildere dêrnei in tal lânskippen yn en om Skagen, mar foltôge ek in tal skilderijen fan syn famylje, freonen en túnblommen.
Persoanlik libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy troude yn 1886 mei Charlotte Pauline Ursule de Baisieux (1862-1899). Sy krigen twa dochters, Nina Tuxen (1898-1982) en Yvonne Tuxen (1894 -1987). Nei it ferstjerren fan syn earste frou yn 1901, troude er mei Frederikke Kos Treschow (1856 -1946). Dêrnei kocht er it hûs fan frou Bendsen yn Skagen yn it noarden fan Jutlân en ferboude it ta in steatlik simmerferbliuw. Hy ferstoar yn 1927 yn Kopenhagen yn de âldens fan 73 jier.
Utstallingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tuksen skildere benammen lânskippen yn Skagen, mar ek portretten fan Europeeske keninklike persoanen, nammentlik Kristiaan IX fan Denemarken, keninginne Victoria, tsaar Nicolaas II fan Ruslân, ensfh. Inkelde fan syn wurken binne tentoansteld by:
- It Hermitage yn St. Petersburg.
- De Royal Collection fan Ingelân.
- Ny Carlsberg Glyptotek yn Kopenhagen.
- Statens Museum for Kunst yn Kopenhagen.
- Skagens Museum yn Skagen, Denemark.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Yvonne Tuxen en Vibeke Krøyer
-
Hantwurkjende froulju yn Skagen
-
De drinkeldeade wurdt oan lân brocht
-
Twa baaiers op it strân fan Skagen
-
Simmerdei op it strân fan Skagen
-
Midwinterjûn op Skagen
-
Frederikke
-
Lizzend famke yn it lânskip
-
Moarnskofje
-
Nina, dochter fan de keunstner, op it strân
-
Suzanne yn it bad, 1879
-
Michael Ancher en P.S. Krøyer
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Svanholm, Lise: Laurits Tuxen. Europas sidste fyrstemaler. Kopenhagen: Gyldendal 1990.
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Laurits Tuxen fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|