Springe nei ynhâld

Argusflinter

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lasiommata megera)
argusflinter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje aureliaflinters (Nymphalidae)
skaai muorrefoskes (Lasiommata)
soarte
Lasiommata megera
Linnaeus, 1767
IUCN-status: net bedrige

De argusflinter (Lasiommata megera) is in soarte yn it skaai fan de muorrefoskes (Lasiommata).

De argusflinter komt yn Nederlân ferspraat foar. De flinter libbet op fariearre greiden mei iepen plakken by de sleatskant, diken en boskrânen lâns. De fersprieding is yn de rin fan de tweintichste iuw net folle feroare. De soart is yn de jierren njoggentich efterútgongen.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as net bedrige.

De wjuklingte is 19 oant 25 mm. De argusflinter is oan de boppekant fan de wjukken oranje. De eachplakken op de boppekant fan de efterwjuk binne swart op in oranje flak. Mantsjes hawwe in grutte swarte rookstreek dêr't se harren lucht mei ferspriede, op de boppekant fan de foarwjuk. It mantsje ferdigenet in territoarium. De argusflinter is skrille flinter.

De flinter kin sjoen wurde fan ein april oant begjin novimber. Hy is foaral te sjen fan 1 oant 15 juny en fan 5 oant 25 augustus. De argusflinter fljocht yn trije oerrinnende generaasjes.

De rûp kin 25 mm lang wurde. It liif is blau-eftich grien mei wite linen op de rêch en sydkant. De rûp oerwinteret as healwaaks rûp ferskûle yn in gerspôle. De groeiperioade fan de rûp leit tusken maart en oktober.

De rûp fret ferskillende soarten gers lykas Knopgers, Miedegers, Dúst, Fiter.

De Argusflinter