Lame Deer (Montana)
Lame Deer | ||
Cheyenne Avenue, yn it sintrum fan Lame Deer. | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Montana | |
County | Rosebud County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.018 (2000) | |
Oerflak | 143,9 km² (ynkl. wetter) 143,9 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 14 / km² | |
Hichte | 1.014 m | |
Oar | ||
Stifting | ±1884 | |
Tiidsône | UTC-7 | |
Simmertiid | UTC-6 | |
Koördinaten | 45°62′18″N 106°65′81″W | |
Kaart | ||
De lizzing fan Lame Deer yn Rosebud County en yn 'e steat Montana. |
Lame Deer [le:m diəɹ] (Sjajinsk: Meave’ho’eno, útspr.: [mɪavɪʔhoʔɪno]) is in plak yn Rosebud County, yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Montana. Hoewol't it net it haadplak fan 'e county is (dat is Forsyth), is it wol it haadplak fan it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat (Northern Cheyenne Indian Reservation), fan 'e Noardlike Sjajinne Stamme (Northern Cheyenne Tribe). Yn Lame Deer binne de measte tsjinsten fan it reservaat fêstige, lykas it haadkertier fan 'e stamme, it agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA), de middelbere skoalle en it Opperhaad Stomp Mês Kolleezje (Chief Dull Knife College). It plak is ferneamd nei it Minnikonzjû-Lakota-opperhaad Kreupel Hart (Ingelsk: Lame Deer), dy't yn 1877 besuden it hjoeddeistige Lame Deer troch it Amerikaanske Leger deasketten waard, ek al hied er in wite flagge by him.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 bedroech it ynwennertal fan Lame Deer doe goed 2.000 minsken. Fan 'e befolking fan Lame Deer wie doe 5,1% âlder as 65 jier en 43,7% jonger as 18 jier. Fierders bestie 27,2% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 50,4% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 92,5% Yndianen; 3,7% blanken; 2,1% Latino's; 1,7% oaren of fan mingd etnysk komôf. Op it mêd fan taalgebrûk kamen fierders de folgjende sifers oan it ljocht: 67,9% spriek it Ingelsk as memmetaal; 28,9% it Sjajinsk (Cheyenne); 2,7% it Kriesk (Crow); en 0,5% in oare taal, wêrby't it foar it meastepart om Spaansktaligen gie.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|