Springe nei ynhâld

Laika

Ut Wikipedy
Laika
Laika op in Roemeenske postsegel, 1959
Laika op in Roemeenske postsegel, 1959
bysûnderheden
soarte bist Hûn (Canis lupus familiaris)
berne om 1954
berteplak Moskou
deagien 3 novimber 1957
stjerplak lege baan om de Ierde
reden
  bekendheid
Earste sûchdier yn de romte

Laika (om 19543 novimber 1957) wie it earste hûntsje dat troch de minsken yn in baan om de ierde brocht waard. De namme Laika betsjut "blaffer". Laika wie yn Moskou fan de strjitte helle.

Omdat de technology om yn in baan om de ierde te kommen noch net ûntwikkele wie, waard nea ferwachte dat Laika oerlibje soe. Laika hat yn de Spoetnik 2 ien rûntsje om de ierde dien. Nei in pear oeren wie hja al dea troch spannings en de hjitte yn de kapsule. Spoetnik 2 wie in keunstmoanne út de Sowjetuny.

Yn'e tiid fan Laika's missy wie der net folle bekend oer de effekten fan romteflechten op libbene wêzens en waarden flechten mei bisten troch yngenieurs as in needsaaklike foarrinner fan minsklike missys beskôge. It eksperimint, wêrby't de fitale funksjes fan Laika kontrolearre waarden, hie as doel om oan te toanen dat in libben organisme in lansearring yn in baan om de ierde oerlibje koe en funksjonearje bliuwe koe ûnder omstannichheden fan ferswakke swiertekrêft en ferhege strieling, wêrtroch't wittenskippers beskikten oer guon fan de earste gegevens oer de biologyske effekten fan romteflechten.

Laika's dea waard mooglik feroarsake troch it falen fan de sintrale R-7 draachraket om los te kommen fan de lading. De wiere oarsaak en it tiidstip fan har dea waarden earst yn 2002 bekend makke; ynstee dêrfan waard algemien útholden dat se stoar doe't har soerstof op dei seis oprekke of, sa't de Sovjetregering ynearsten hawwe woe, dat se euthanasearre waard foardat de soerstof oprekke. Yn 2008 waard in lyts monumint foar Laika ûntbleate yn de buert fan de militêre ûndersyksfasiliteit yn Moskou dy't har flecht tariede. Se stiet ek op it Monumint foar de Feroverers fan de Romte yn Moskou.

Yn 2006 hat de skriuwster Bibi Dumon Tak it Berneboekewikepresint fan 2006 skreaun. It boek hjitte fan Laika tussen de sterren en gie oer Laika de hûn.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]