Springe nei ynhâld

Ladelund

Ut Wikipedy
Ladelund / Låålönj
Lokaasje gemeente Ladelund (read) yn Noard-Fryslân.
Lokaasje gemeente Ladelund (read) yn Noard-Fryslân.
Symboalen
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
KreisNoard-Fryslân
AmtSúdtondern
Sifers
Ynwennertal1.426 (31.12.2024)[1]
Oerflak24,09 km²
Befolkingsticht.59 ynw./km²
Hichte20 m
Oar
Stifting1934 (as moderne gemeente)
Postkoade25926
Offisjele webside
www.ladelund.de
Kaart
Ladelund (Sleeswyk-Holstein)
Ladelund

Ladelund (Noardfrysk: Låålönj; Deensk: Ladelund) is in plak yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein yn 'e kreis Noard-Fryslân. De gemeente heart by it amt Súdtondern en hat 1426 ynwenners (2024).

Yn 'e gemeente lizze ferskate buorskippen en doarpsdielen, te witten: Beckhuus (Deensk: Bækhus), Boverstedt (Boversted), Kolonistenhäuser (Kolonisthuse), Königsacker (Kongsager), Ladelundfeld (Ladelund Mark), Ladelundmühle (Ladelund Mølle), Neuhaus (Nyhus) en de Zollhäuser (Toldhuse).

Tsjerke fan Ladelund.

Ladelund is as in boeredoarp stift en waard yn 1352 foar it earst yn 'e dokuminten neamd. De plaknamme is fan Deenske oarsprong en gearstald út de dielen lade (wat "skuorre" betsjut) en lund (wat "bosk" betsjut). It iketûkje yn it wapen is dan ek in ferwizing nei de betsjutting fan 'e plaknamme. Lykas in soad oare delsettings yn 'e regio is ek Ladelund ûntstien troch it kappen fan bosk yn in grutter boskgebiet. Dêr tsjûgje hjoed-de-dei ek noch fossile beamstobben fan, dy't by it bewurkjen fan 'e grûn omheech komme.

Yn 1934 waard de kerspellânsgemeente Ladelund opheft. De dêrby hearrende doarpen waarden selsstannich. Yn dat jier ûnstie de moderne gemeente Ladelund.

Op 1 jannewaris 1970 waard de oant dan ta selsstannige gemeente Boverstedt by Ladelund foege.

Tinkstien.

Yn 'e hjerst fan 1944 lei yn 'e gemeente in bûtenkamp fan it konsintraasjekamp Neuengamme, KZ-Außenlager Ladelund. De finzenen moasten ûnder ferskriklike omstannichheden de saneamde Friesenwall grave. Binnen seis wiken tiid stoaren der mear as 300 minsken, wêrûnder in hiel grut part fan 'e manlike befolking fan it doarp Putten, dy't nei in razzia deportearre wiene. De grêven lizze njonken it tsjerkhôf, en it wie ien fan 'e earste plakken yn Dútslân mei in offisjeel betinkingsplak.[2]


Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Stêden en gemeenten yn 'e Kreis Noard-Fryslân
Achtrup · Ahrenshöft · Ahrenviöl · Ahrenviölfeld · Alkersum · Almdorf · Arlewatt · Aventoft · Bargum · Behrendorf · Bohmstedt · Bondelum · Bordelum · Borgsum · Bosbüll · Braderup · Bramstedtlund · Bredstedt · Breklum · Dagebüll · Drage · Drelsdorf · Dunsum · Elisabeth-Sophien-Koog · Ellhöft · Emmelsbüll-Horsbüll · Enge-Sande · Fresendelf · Friedrich-Wilhelm-Lübke-Koog · Friedrichstadt · Galmsbüll · Garding · Garding, Kirchspiel · Goldebek · Goldelund · Gröde · Grothusenkoog · Haselund · Hattstedt · Hattstedtermarsch · Högel · Holm · Hooge · Hörnum (Sylt) · Horstedt · Hude · Humptrup · Husum (haadstêd) · Immenstedt · Joldelund · Kampen (Sylt) · Karlum · Katharinenheerd · Klanxbüll · Klixbüll · Koldenbüttel · Kolkerheide · Kotzenbüll · Ladelund · Langeneß · Langenhorn · Leck · Lexgaard · List · Löwenstedt · Lütjenholm · Midlum · Mildstedt · Nebel · Neukirchen · Nieblum · Niebüll · Norddorf auf Amrum · Norderfriedrichskoog · Nordstrand · Norstedt · Ockholm · Oevenum · Oldenswort · Oldersbek · Olderup · Oldsum · Ostenfeld (Husum) · Oster-Ohrstedt · Osterhever · Pellworm · Poppenbüll · Ramstedt · Rantrum · Reußenköge · Risum-Lindholm · Rodenäs · Sankt Peter-Ording · Schwabstedt · Schwesing · Seeth · Simonsberg · Sollwitt · Sönnebüll · Sprakebüll · Stadum · Stedesand · Struckum · Süderende · Süderhöft · Süderlügum · Südermarsch · Sylt · Tating · Tetenbüll · Tinningstedt · Tönning · Tümlauer-Koog · Uelvesbüll · Uphusum · Utersum · Viöl · Vollerwiek · Vollstedt · Welt · Wenningstedt-Braderup (Sylt) · Wester-Ohrstedt · Westerhever · Westre · Winnert · Wisch · Witsum · Wittbek · Wittdün auf Amrum · Witzwort · Wobbenbüll · Wrixum · Wyk auf Föhr
· · Berjocht bewurkje