Springe nei ynhâld

LOM-ûnderwiis

Ut Wikipedy

LOM-ûnderwiis joech fan 1952 oant 1998 ûnderrjocht oan bern mei lear- en of opfiedingsswierrichheden, in foarrinder fan it spesjaal ûnderwiis (SBO).

Yn 1974 wiene der 7 LOM-skoallen yn Fryslân: Drachten (kristlik en iepenbier), It Hearrenfean (iepenbier), Ljouwert (kristlik en iepenbier) en Snits (kristlik en iepenbier). Oan de skoallle wienen faak in logopedist, in skoaldokter en in maatskiplik wurker ferbûn. Soms wurke út in lomskoalle wei in remedial teacher yn it reguliere ûnderwiis.

De LOM-skoalle yn Ljouwert hie ek in ôfdieling beukerûnderwiis en in ôfdieling fuortset bûtengewoan ûnderwiis. Yn 1974 hie dy skoalle 150 learlingen, de oare 6 gemiddeld sa'n 10 learlingen (60-120). Talitting ta in lomskoalle wurdt dien troch it talittingskommisje, dêr't it haad fan de skoalle, in skoalarts en in bernepsycholooch yn sitte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: