L1 (omrop)
L1 Radio & Telefyzje | |
---|---|
medium | radio, tillefyzje |
nasjonaliteit | Nederlânsk |
taal | Nederlânsk, Limburchsk |
oprjochte | 1 juny 1999 |
haadkertier | Maastricht, Limburch |
ûntfangstgeb. | Limburch |
eigner | n.f.t. (selsstannige omropstifting) |
webside | L1.nl |
L1 is de regionale radio- en telefyzjestjoerder fan 'e Nederlânske provinsje Limburch.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste regionale radiostjoerder yn Limburch, de Regionale Omrop Súd (ôfkoarte yn it Nederlânsk ta ROZ), begong 1945 mei útstjoeren. Oant 1989 makke de ROZ diel út fan 'e nasjonale NOS. Doe't yn 1988 de nije Mediawet kaam, gong de ROZ fierder as selsstannige regionale omrop ûnder de namme Omrop Limburch.
Yn jannewaris 1997 wie de earste útstjoering fan it nije kommersjele stasjon TV8 Limburch. Omrop Limburch folge datselde jier mei publike regionale telefyzje. Beide stjoerders moasten lykwols harren frekwinsje diele: fan 07:15 oant 19:15 oere waard it kanaal brûkt troch Omrop Limburch; fan 19:15 oant 07:15 stjoerde TV8 Limburch út.
Doe't it Kommissariaat foar de Media bepaald hie dat tusken beide stasjons it byld in healoere op swart moast, ûntstie der in ûnwurkbere sitewaasje. Sa waard der al gau praat oer in gearwurking, dy't der yn juny 1999 ek kaam, mar ûnder in nije namme: L1 Radio en Telefyzje. Ta in fúzje koe it net komme, om't it neffens de Mediawet net mooglik wie foar in publike en in kommersjele omrop te fusearjen.