Springe nei ynhâld

Löwenstedt

Ut Wikipedy
Löwenstedt / Jöömst
Lokaasje Löwenstedt (read) yn Noard-Fryslân
Lokaasje Löwenstedt (read) yn Noard-Fryslân
Symboalen
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
KreisNoard-Fryslân
AmtMittleres Nordfriesland
Sifers
Ynwennertal693 (31.12.2024)[1]
Oerflak19,62 km²
Befolkingsticht.35 ynw./km²
Hichte14 m
Oar
Stifting1934 (as moderne Landgemeinde)
Postkoade25860
Offisjele webside
www.loewenstedt.de
Kaart
Löwenstedt (Sleeswyk-Holstein)
Löwenstedt

Löwenstedt (Noardfrysk: Jöömst; Deensk: Lyngsted of Lyngsæd; Jutlânsk: Lyngste) is in plak yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein yn 'e kreis Noard-Fryslân. Löwenstedt heart by it amt Mittleres Nordfriesland en hat 693 ynwenners (2024).

De plaknamme waard yn 1292 foar it earst offisjeel yn 'e dokuminten neamd en ferwiist nei heide (Deensk: lyng). De namme is in gearstalling fan it Deenske lyng foar "heide" en it Alddeenske sæt foar "delsetting", wat safolle betsjut as "delsetting yn of by de heide". Yn it Dútsk is de namme letter oars útlein en feroare yn Löwe (liuw) en it efterfoegsel -sæt is feroare yn -stedt.

Op 1 april 1934 waard de kerspelplattelânsgemeente Viöl opheft. Ferskillende doarpen waarden doe selsstannige gemeenten en sa ek Löwenstedt, dat op 1 desimber 1934 mei de oanbuorjende gemeente Ostenau ta in nije gemeente gearfoege waard.

Löwenstedter Sandberge.

Flakby it doarp leit it grutte beskerme natuergebiet de Löwenstedter Sandberge. Dit is in âld heide- en dúngebiet mei sânferstowings yn it binnenlân.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Stêden en gemeenten yn 'e Kreis Noard-Fryslân
Achtrup · Ahrenshöft · Ahrenviöl · Ahrenviölfeld · Alkersum · Almdorf · Arlewatt · Aventoft · Bargum · Behrendorf · Bohmstedt · Bondelum · Bordelum · Borgsum · Bosbüll · Braderup · Bramstedtlund · Bredstedt · Breklum · Dagebüll · Drage · Drelsdorf · Dunsum · Elisabeth-Sophien-Koog · Ellhöft · Emmelsbüll-Horsbüll · Enge-Sande · Fresendelf · Friedrich-Wilhelm-Lübke-Koog · Friedrichstadt · Galmsbüll · Garding · Garding, Kirchspiel · Goldebek · Goldelund · Gröde · Grothusenkoog · Haselund · Hattstedt · Hattstedtermarsch · Högel · Holm · Hooge · Hörnum (Sylt) · Horstedt · Hude · Humptrup · Husum (haadstêd) · Immenstedt · Joldelund · Kampen (Sylt) · Karlum · Katharinenheerd · Klanxbüll · Klixbüll · Koldenbüttel · Kolkerheide · Kotzenbüll · Ladelund · Langeneß · Langenhorn · Leck · Lexgaard · List · Löwenstedt · Lütjenholm · Midlum · Mildstedt · Nebel · Neukirchen · Nieblum · Niebüll · Norddorf auf Amrum · Norderfriedrichskoog · Nordstrand · Norstedt · Ockholm · Oevenum · Oldenswort · Oldersbek · Olderup · Oldsum · Ostenfeld (Husum) · Oster-Ohrstedt · Osterhever · Pellworm · Poppenbüll · Ramstedt · Rantrum · Reußenköge · Risum-Lindholm · Rodenäs · Sankt Peter-Ording · Schwabstedt · Schwesing · Seeth · Simonsberg · Sollwitt · Sönnebüll · Sprakebüll · Stadum · Stedesand · Struckum · Süderende · Süderhöft · Süderlügum · Südermarsch · Sylt · Tating · Tetenbüll · Tinningstedt · Tönning · Tümlauer-Koog · Uelvesbüll · Uphusum · Utersum · Viöl · Vollerwiek · Vollstedt · Welt · Wenningstedt-Braderup (Sylt) · Wester-Ohrstedt · Westerhever · Westre · Winnert · Wisch · Witsum · Wittbek · Wittdün auf Amrum · Witzwort · Wobbenbüll · Wrixum · Wyk auf Föhr
· · Berjocht bewurkje