Kâlde Kriich
De Kâlde Kriich is in rite fan diplomatyske spanningen en tûkelteammen tusken 1945 en 1991. De Kâlde Kriich wie net in tradisjonele kriich, mei't de twa fijanlike legers nea tsjin mekoar fochten hawwe. It begryp "Kâld" fan Kâlde Kriich omskriuwt de diplomatike bân tusken de Feriene Steaten fan Amearika en de Sowjetuny nei de Twadde Wrâldkriich. Der wienen in soad minsken benaud foar it útein setten fan in nuklêre kriich, mar dat barde net.
Belutsen lannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Feriene Steaten en de Sowjetuny hienen beide in stikmannich lannen dy't har stipen.
Lannen dy't de Feriene Steaten militêr stipen wienen lid fan de NAFO. De lannen dy't militêr gearwurken mei de Sowjetuny wienen lid fan it Warsjaupakt.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jalta en Potsdam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan 'e ein fan de Twadde Wrâldkriich fûn yn de Oekraïne de Konferinsje fan Jalta plak. Dêr petearden de trije lieders fan de machtichste lannen Winston Churchill (Grut-Brittanje), Franklin Roosevelt (Feriene Steaten) en Jozef Stalin (Sowjetuny) oer de takomst fan Jeropa. Wilens dy konferinsje hiene de dielnimmers al spul meiïnoar, omdat it eigen foech foar East-Jeropeeske lannen al faai stie. Fuortendaliks nei de ein fan de Twadde Wrâldkriich begûn de Kâlde Kriich.
Nei de Twadde Wrâldkriich waard der op 8 maaie 1945 in twadde konferinsje, diskear yn de Dútske stêd Potsdam. Hja sprieken dêr oer de takomst fan Dútslân. Se wienen it gau iens oer it denazifisearjen en demilitarisearjen fan Dútslân. De herstelbettelings wienen in tûkelteam. De Feriene Steaten woenen net dat Dútslân tefolle betelje moast, omdat it de Jeropeeske ekonomy skansearje soe. De Feriene Steaten wienen fan betinken dat minsken dy't yn in lân mei in goeie ekonomy libje, net gau foar it kommunisme kieze soene. Elts allieard lân krige in kontrôlesône en koe dêr sels guod weromhelje as herstelbetellings. Presidint Harry S. Truman kaam yn it stee foar Roosevelt dy't ferstoarn wie. Churchill yn 't earstoan wol mei, mar nei de ferkiezingsoerwinning fan de Labour-Partij kaam Clement Attlee foar him yn it plak.
Partsjen fan Dútslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de ferneamde Fultonspeech fan 5 maart 1946 brocht Winston Churchill it begryp 'the iron curtain' (it izeren gerdyn) op it aljemint. It begryp izeren gerdyn waard it symboal fan West- en East-Jeropa wilens de Kâlde Kriich.
By de gearkomste fan Potsdam wie it wis dat Dútslân yn fjouwer dielen parte wurde soe: in Frânske besettingssône, in Britske en Amearikaanske besettingssône: dy trije sônes soenen yn 1949 de Bûnsrepublyk Dútslân (BRD) wurde. It fjirde diel kaam ûnder Russysk bewâld, en waard de Dútske Demokratyske Republyl (DDR). Dyselde yndieling gou foar de stêd Berlyn. De Dútske gebieten beëasten de Oder en Neisse waarden Poalsk grûngebiet. It easten fan Poalen, waard Russysk grûngebiet. Eastenryk soe parte wurde yn fjouwer besettingssônes; mar yn 1955 koe Eastenryk wer selsstannich wurde mei it betingst om ivich neutraal te bliuwen. Dêrfandinne is Eastenryk hjoed noch hieltyd gjin lid fan de NAFO.
Yn 1961 waard de Berlynske Muorre boud om flechtelingen fan East- nei West-Jeropa op te kearen.
De ein
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de ein fan de Sowjetuny yn 1991 wie der út it easten wei gjin driging mear. Dat wie de ein fan de Kâlde Kriich.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kâlde Kriich
- Oarloch yn Aazje
- Oarloch yn Afrika
- Oarloch yn Jeropa
- Oarloch yn Oseaanje
- Oarloch yn Noard-Amearika
- Oarloch yn Súd-Amearika
- Skiednis fan Jeropa
- Skiednis fan Aazje
- Skiednis fan Afrika
- Oarloch yn de 20e iuw
- Oarloch fan de Feriene Steaten
- Oarloch fan de Sovjet-Uny
- Oarloch fan Afganistan
- Oarloch fan Albaanje
- Oarloch fan Angoala
- Oarloch fan Austraalje
- Oarloch fan Belgje
- Oarloch fan Bulgarije
- Oarloch fan de DDR
- Oarloch fan Denemark
- Oarloch fan Dútslân
- Oarloch fan El Salvador
- Oarloch fan Etioopje
- Oarloch fan it Feriene Keninkryk
- Oarloch fan de Filipinen
- Oarloch fan Fjetnam
- Oarloch fan Frankryk
- Oarloch fan Grikelân
- Oarloch fan Gûatemala
- Oarloch fan Hondoeras
- Oarloch fan Hongarije
- Oarloch fan Itaalje
- Oarloch fan Japan
- Oarloch fan Kambodja
- Oarloch fan Kanada
- Oarloch fan Kuba
- Oarloch fan Laos
- Oarloch fan Lúksemboarch
- Oarloch fan Maleizje
- Oarloch fan Mongoalje
- Oarloch fan Mozambyk
- Oarloch fan Nederlân
- Oarloch fan Nij-Seelân
- Oarloch fan Nikaragûa
- Oarloch fan Noard-Koreä
- Oarloch fan Noarwegen
- Oarloch fan Poalen
- Oarloch fan Portegal
- Oarloch fan Roemeenje
- Oarloch fan Sily
- Oarloch fan Sina
- Oarloch fan Spanje
- Oarloch fan Súd-Afrika
- Oarloch fan Súd-Jemen
- Oarloch fan Súd-Koreä
- Oarloch fan Syrje
- Oarloch fan Tailân
- Oarloch fan Taiwan
- Oarloch fan Tsjechoslowakije
- Oarloch fan Turkije
- Oarloch fan Yndoneezje
- Oarloch fan Yslân
- Oarloch fan de NAFO
- 20e iuw