Kyprianos fan Syprus
Kyprianos fan Syprus | ||
kristlik lieder | ||
amt en titulatuer | ||
amt | aartsbiskop | |
tsjerke | Gryksk-Otterdokse Tsjerke | |
sit | Nikosia | |
amtsperioade | 1812-1821 | |
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 1756 | |
berteplak | Strovolos | |
stjerdatum | 9 july 1821 | |
stjerplak | Nikosia | |
etnisiteit | Gryksk-Syprioat |
Aartsbiskop Kyprianos fan Syprus wie it haad fan 'e Syprioatysk-Otterdokse Tsjerke yn 'e iere 19e iuw, doe't it eilân Syprus noch ûnder Turksk bewâld stie en doe't de Grykske Unôfhinklikheidskriich tsjin de Turkske besetting útbriek.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kyprianos waard yn 1756 yn Strovolos berne, doe't dat noch in doarpke wie. Hy tsjinne as muonts yn it Machairaskleaster oant 1783, doe't er nei Walachije gie foar fierdere teologyske stúdzjes. Yn 1802 kaam er werom nei Syprus, dêr't er yn 1810 as aartsbiskop keazen waard. Kyprianos fûn ûnderwiis tige wichtich en yn 1812 stifte aartsbiskop Kyprianos it Pansypryske Gymnasium (oarspronklik de Helleenske Skoalle neamd), de earste middelbere skoalle op it eilân.
Yn oktober 1818 hiene Kyprianos en oare promininte Gryksk-Syprioaten in moeting mei Dimitrios Hypatros op syn besite oan it eilân Syprus. Aartsbiskop Kyprianos waard doe yntrodusearre yn 'e Filiki Eteria (Φιλική Εταιρεία), dy't de geasten ryp besocht te meitsjen foar in wapene striid om de Griken ûnder Ottomaansk bewâld te befrijen. De aartsbiskop stie sympatyk foar de plannen oer, mar wie ek tige skeptysk oer de rol dy't Syprus yn 'e nasjonale striid spylje koe. Syprus lei nammers isolearre fan 'e Grykske gebieten en op it eilân wie in grutte Turkske militêre macht. Kyprianos wie benaud dat in opstân fan 'e Gryksk-Syprioaten resultearje soe yn in slachtpartij ûnder de Grykske befolking fan Syprus.
Twa jier letter kaam Hypatros werom foar in langere besite oan it eilân om de aartsbiskop en oare Gryksk-Syprioatyske notabelen te moetsjen. De aartsbiskop stelde him pragmatysk op en sei dat er ree wie de Grykske saak te stypjen mei jild en materiaal, mar dat in wapene striid op Syprus yn in ramp einigje soe.
Doe't de Grykske Unôfhinklikheidskriich op 25 maart 1821 útbriek, hie Kyprianos it drok om de Gryksk-Syprioaten del te bêdzjen en gjin fertinkings fan 'e Turkske autoriteiten op te wekken. Yn 'e selde tiid kaam syn neef en agrimandryt Teofilos nei it eilân mei in soad lektuer fan 'e Grykske nasjonalist Alexander Ypsilantis om ûnder de ynwenners út te dielen. In soad fan dat materiaal foel lykwols yn hannen fan 'e Turkske gûverneur Küçük Mehmet, dy't dêrmei in befêstiging seach fan syn fertinking fan 'e Gryksk-Syprioaten yn 'e Gryske saak.
De pasjha fan Syprus, Küçük Mehmet reagearre fuortendaliks. Teofilos wie al wer fan it eilân, mar Küçük Mehmet stelde in list op mei 486 nammen werûnder trije biskoppen, de nammen fan 'e abten fan alle kleasters, de belangrykste prysters en foaroansteande Gryksk-Syprioaten. Yn syn brief oan 'e Hege Porte skreau de pasja dat de ûntwapening fan 'e kristenen net genôch wie salang't de persoanen op 'e list noch libben. Ek frege er om ekstra troepen en op 3 maaie 1821 kaam in troepemacht fan 4.000 ekstra man op it eilân, dy't al gau de kristenbefolking wreed begûnen te terrorisearjen, itjinge troch de Ingelsman John Carne beskreaun waard.
Neffens de Frânske konsul yn Larnaka, Jerome Isaac Mechain, joegen Gryksk-Syprioaten as teken fan hearrigens in ûndertekene brief oan Küçük Mehmet om oan 'e sultan oer te dragen, weryn 't hja harren loyaliteit útdrukten mei in bedrach fan 100.000 piasters. Oannommen wurdt dat de pasja it jild foar him sels hold en de sultan de brief nea krige.
Op snein 12 juny 1821 waarden de minsken op 'e list oppakt nei't se út harren tsjerken kamen. Harren bedriuwen, winkels of hûzen waarden fersegele en de froulju mei de bern waarden op strjitte set, wylst de manlju nei Nikosia brocht waarden. Op 7 july 1821 joech de pasja de opdracht om de stedspoarten ôf te sluten en twa dagen letter liet er de Gryksk-Syprioaten op 'e list op it plein fan it âlde paleis fan 'e Lusignans byinoar komme om harren sabeare it andert fan 'e sultan foar te lêzen. Yn stee dêrfan lies er har de eksekúsje foar. De slachting ûnder de Gryksk-Syprioaten gyng op snein 10 july 1821 troch. Hûnderten Gryksk-Syprioaten sochten feiligens yn 'e konsulaten en hûzen fan Europeanen en it Frânske skip La Bonite dat foar anker lei yn Larnaka. Op 14 july wiene 470 minsken fan 'e list fermoarde. De hiele religieuze en ekonomyske boppelaach fan 'e Gryksk-Syprioatyske mienskip wie yn in pear dagen ûnthalze of ophongen. Harren eigendommen wiene konfiskearre en harren famyljes ta slaaf makke. Dêrûnder wie ek Krysantos, de biskop fan Pafos, Meletios, de biskop fan Kition en Lavrentios, de biskop fan Kyrenia. Aartsbiskop Kyprianos waard yn it iepenbier ophongen oan in beam tsjinoer it eardere paleis fan 'e Lusignan-keningen fan Syprus. Rûsd wurdt dat dêrnjonken sa'n 2.000 ynwenners fermoarde waarden.[1]
Europeeske konsuls hiene aartsbiskop Kyprianos earder asyl oanbean. Dat hied er wegere, om't er by syn folk bliuwe woe. De skiednis dy't ta de eksekúsje late waard dokumintearre yn in epysk gedicht yn it Syprioatyske dialekt troch Vassilis Michaelides.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|