Kurów
| Kurów | ||
| De barokke tsjerke fan Kurów | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | Poalen | |
| Woiwodskip | Lublin | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 2.705 | |
| Oerflak | 11,32 km² | |
| Befolkingsticht. | 239/km² | |
| Hichte | 150 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1442 (stedsrjochten oant 1870) | |
| Postkoade | 24-170 | |
| Netnûmer | +48 81 | |
| Tiidsône | UTC+1 | |
| Simmertiid | UTC+2 | |
| Offisjele webside | ||
| www.kurow.eu | ||
| Kaart | ||
Kurów is in plak yn it súdeasten fan Poalen yn it woiwodskip Lublin. It leit oan it rivierke de Kurówka en it is it haadplak fan 'e gemeente Kurów. Hoewol't it hjoed-de-dei de status fan in doarp hat, wie it fan 1442 oant 1870 in stêd. Kurów stiet histoarysk bekend as ien fan 'e sintra fan 'e Poalske reformaasje.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kurów leit yn it sintrale diel fan 'e heechflakte fan Lublin, likernôch 30 kilometer bewesten de stêd Lublin. It doarp leit oan in wichtige ferkearsier dy't Warschau mei Lublin en de Oekraynske grins ferbynt. It lânskip om it plak hinne wurdt skaaimerke troch gloaiende ikkers en lânbougrûn, wat typysk is foar it súdeasten fan Poalen. Lykas de rest fan 'e regio Lublin hat Kurów in kontinintaal klimaat mei waarme simmers en kâlde winters.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak waard foar it earst neamd yn 'e 12e iuw, mar krige yn 1442 offisjele stedsrjochten fan kening Wladislaus III. Yn 'e 16e iuw ûntwikkelde Kurów him ta in wichtich Kalvinistysk sintrum en letter foar de unitaristyske Poalske Bruorren. In soad ynwenners gyngen oer nei dit leauwe, wat fan Kurów in yntellektueel en religieus sintrum makke.
Yn 'e 17e iuw waard de stêd swier troffen troch de pest en de ferneatigingen fan 'e ynvaazje fan Sweden (de "Sûntfloed"). Nei de Poalske dielingen kaam Kurów yn 1795 ûnder Eastenryksk bestjoer, letter ûnder it hartochdom Warsjau en lang om let ûnder it Russyske Ryk. As straf foar de Poalske jannewarisopstân fan 1863 tsjin de Russen, ferlear Kurów yn 1870 syn stedsrjochten, in status dy't it plak oant hjoed-de-dei net weromkrigen hat.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard it doarp op 9 septimber 1939 swier bombardearre troch de Dútske Luftwaffe. De Joadske befolking fan Kurów telde doe likernôch 2.600 minsken en makke yn dy tiid in grut part fan 'e totale befolking út. Yn 1941 waard in getto ynsteld en yn april of maaie 1942 waarden de joadske bewenners troch de nazy's deportearre nei it ferneatigingskamp Sobibór. Mei help fan katolike doarpsbewenners wisten in oantal de oarloch te oerlibjen. Op 6 maart 1944 eksekutearren de Dútsers 45 Poalske fersetsstriders, 10 waarden op it sintrale plein ophongen en de oaren waarden yn 'e Puławska-strjitte deasketten.
Befolking en befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kurów hat hjoed-de-dei likernôch 2.700 ynwenners. It ynwennertal is troch de iuwen hinne frij stabyl bleaun, al hie it plak foar de oarloch mear ynwenners troch de grutte Joadske mienskip dy't dêr doe wenne.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Sint-Michaelstsjerke is in foarbyld fan 'e saneamde "Lublin-renêssânse". De tsjerke hat in ryk fersierd ynterieur en tsjinne yn 'e 16e iuw foar in skoft as protestantske tsjerke.
Oars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kurów is it berteplak fan generaal Wojciech Jaruzelski, de lêste kommunistyske lieder fan Poalen, dy't hjir yn 1923 berne waard.