Kuorbalferiening Stânfries
Kuorbalferiening Stânfries is de kuorbalklup fan Reduzum. Ek de follybal-, tennis- en gymnastykferiening fan it doarp hjitte Stânfries.
De feriening is oprjochte op 2 juny 1947 en hie yn 1975 105 leden. Yn maart 1956 ferskynde foar it earst it klupblêd 'Linepraat'. It wie in toanoanjaande feriening yn Fryslân en spile mikrokuorbal en fjildkuorbal yn de oergongsklasse. Yn de jierren 1964/1965, 1967/1968 en 1969/1970 haadklasse fjildkuorbal en yn 1968/1969 haadklasse mikro. Hessel Kuiper wie in opfallende spiler dy't ek yn de seleksje fan it nasjonaal team siet. Begjin 80’er jierren sakket Stânfries werom nei de twadde klas KNKV.
Yn 1990/1991 promovearre Stânfries yn de seal en yn 1993/1994 op it fjild wer nei de oergongsklasse Mei ûnder oare in mearkamp en een musical waard yn 1997 it 50-jierrich jublileum fierd. Yn 2004 kaam der gearwurking mei Kuorbalferiening Marfûgels. Doel wie om yn Mid-Fryslân topkuorbal te spyljen. Yn 2005 promovearre Stânfries yn de seal nei de haadklasse.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|