Kunath
Appearance
Kunath is in blokfluitmakker yn Fulda, Dútslân.
Joachim Kunath, dy't earder foar Mollenhauer wurke, makket ferskate soarten skoalleblokfluiten en reidynstruminten en ek de fjouwerkante Paetzoldblokfluiten. Om 1975 hinne, sette Herbert Paetzold út ein mei it oanbieden fan in fjouwerkante kontrabasblokfluit makke fan multipleks, in útfining fan syn omke Joachim Paetzold.[1] Yn 1977 bestelde Frans Brüggen trije fan dy ynstruminten foar syn trio Sour Cream, en rillegau waarden dy populêr by muzikanten om reden fan harren kwaliteiten yn konsorts. It oanbod waard útwreide mei grutte bas-, basset- en subkontrabas-ynstruminten. Herbert Paetzold syn bedriuw gie yn 2011 op yn Kunath.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|