Springe nei ynhâld

Krisjna

Ut Wikipedy
Krishna mei froulju

Krisjna (कृष्ण, letterlik "swart, dûnker, dûnkerblau"; Sanskryt foar 'al-oantreklike') is ien fan de meast oanbeane goaden yn it hindoeïsme. As sadanich is Krisjna ûnder mear de haadpersoan yn de Mahabarata, Srimad Bagavatam en de Bagavad Gita. Yn in soad hindoeïstyske streamingen wurdt Krishna beskôge as in ynkarnaasje fan Visjnoe, yn ûnder oare as de Alderheechste Persoanlikheid of heechste manifestaasje fan God-energyen, God sels.

Neffens de Vedyske tradysje is Krisjna 5000 jier lyn berne yn Mathura, de destiidske haadstêd fan it keninkryk Shurasena (yn it hjoeddeiske Uttar Pradesh) yn it lân Bharat-Varsa (it tsjintwurdige Yndia). Hy wie it achtste bern fan prinsesse Devaky en har man Vasudeva.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Krishna