Springe nei ynhâld

Krammerke

Ut Wikipedy
Krammerkes yn har bekendste foarm.

It krammerke of paperclip is in nei himsels werombûgd stikje metaaltried, dat brûkt wurde kin om stikken papier byelkoar te hâlden sûnder dêrfoar gatten yn it papier te meitsjen. Hjoeddeisk wurde de measte krammerkes makke út fergroomd stieltried, mar plastifisiearre tried wurdt ek wol brûkt, en der wurde ek keunststof krammerkes makke.

Iere krammerkes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wurdt tocht dat de Bizantinen it krammerke útfûn hawwe. It meitsjen fan harren gielkoperen krammerkes wie lykwols sa djoer dat dy allinnich foar wichtige keizerlike stikken brûkt waarden.

In Fay-krammerke.

It earste patint foar in krammerke út metaaltried wie yn de Feriene Steaten de ticket fastener fan Samuel Fay yn 1867. Dit wie gewoan in tried die werombûgd wie oant er himself krúste. It wie makke om kaartjes oan stoffen hingje te kinnen, mar by it patint stiet der by dat it krammerke ek brûkt wurde kin om dy papierne kaartsjes oan oar papier fêst te meitsjen. In neidiel fan dit krammerke is dat alle krêft op it krúspunt komt, sadat it papier by it losheljen wolris skansearre wurdt.

It wie yn de Feriene Steaten mooglik wurden masines te meitsjen dy't tried bûgje koenen, dat al gau kamen der ek oare patinten yn de Feriene Steaten, dy't besochten it orizjineel te ferbetterjen.

Yn 1892 kaam Cushman & Denison, yn Grut-Brittanje mei in ûntwerp dat de risseltaat wie fan in searje patinten foar in smel krammerke dat de poaten net krúste mar byelkoarlâns rinne liet. Dit ûntwerp, de gem (fonkelstien) is it ûntwerp dat in iuw letter hieltiid noch it meast brûkt wurdt.

It krammerke fan Vaaler.

Vaaler krammerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op de gem is nea patint naam, dat yn 1899 patintearre de Noar Johann Vaaler as earste yn Jeropa in ûntwerp foar in krammerke. It patint wie net al te spesifyk wat de foarm oangie, mar it wie al breder as de gem, en de poaten rûnen mar foar ien side byelkoar lâns. At dit foardielen wienen is net dúdlik, mar yn elts gefal binne de krammerkes nea makke, faaks om't de gem doe al in te grut part fan de merk yn hannen hie om noch plak te litten foar nijkommers mei allinnich mar in goed idee.

Troch syn patint is de namme fan Johann Vaaler lykwols doch oan it krammerke hingjen bleaun, wat it krammerke dochs ek wat in Noarske útfining makke. Dat doe it gebrûk fan nasjonale symboalen yn de Twadde Wrâldkriich yn Noarwegen ferbean wie, droegen de Noaren yn stee dêrfan krammerkes as nasjonaal symboal.

It is sa dat it grutste part fan alle krammerkes dy't makke wurde gem krammerkes binne. Der binne al in pear oare ûntwerpen dy't nog brûkt wurde, lykas de Ideal paperclip (Ideaal-krammerke) foar tikke bondels papier, en it Ule-krammerke, dêr't gjin oare stikken papier yn fêstsitten bliuwe kinne, mar it grutste oandiel, njonken de gem, is foar in fariaasje op de gem, de Perfected gem. Dy hat net twa bûgde úteinen as by de gem, mar dy is yn in punt bûgd oan de ein dy't op it papier skood wurde moat, en in platte kant op de oare ein.

It meast brûkt wurdt hieltiid noch de simpele fergroomde gem, 10 sm as er útbûgd wurdt, en de tried is 1mm yn diameter. Der binne no lykwols ek fariaasjes mei in keunststof laachje, wêrtroch't se ferskate kleuren krije. Dit kin brûkt wurde as dokumintkodearring, mar ek foar fariaasje.

  • Neffens ûndersiken wurdt mar ien op de fiif krammerkes, of faaks noch minder, ea brûkt om papieren byelkoar te hâlden.
  • In soad krammerkes wurde útbûcht ta hardersstêf: In rjocht ein tried, mei nog in krul op ien ein. In hardersstêf kin brûkt wurde om ferhoalen knoppen te betsjinjen, lykas de knop om in CD-spiler te iepenjen as de stroom der ôf is.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Paperclips fan Wikimedia Commons.