Krûdnageltsiis
Appearance
Fryske krûdnageltsiis is in tsiissoarte dy't makke wurdt fan meagere molke, mei tafoeging fan komijn en krûdnagel.
De tsiis is stevich, platrûn en hat skerpe hoeken oan de sydkant. De foarm wurdt ek wol kantertsiis neamd. Troch it lange rypjen wurdt de tsiis hurd, drûch en soerich. De tsiis is te krijen as âlde en belegere tsiis.
Om de tsiis op smaak te meitsjen, waard yn Fryslân eartiids sap brûkt fan bepaalde griene planten, bygelyks fan Peterseelje. De útspraak "griene tsiis" ferwiist dêrnei yn:
Bûter, brea en griene tsiis, wa dat net sizze kin is gjin oprjochte fries.