Springe nei ynhâld

Korund

Ut Wikipedy
Korund

Korund is in hurd mineraal. Gemysk sjoen is it de kristalfoarm fan aluminiumokside, mei de formule α-Al2O3. De namme fan it mineraal is ôflaat fan it Hindy wurd kurand, of fan it Sanskryt wurd kuruvinda, dat "robyn" betsjut.

Korund hat hurdheid 9 op de skaal fan Mohs; ûnsuverder foarmen hawwe ± hurdheid 8. De gemiddelde tichtheid is 4 (foar suver korund 4,05) en it mineraal hat in heksagonale kristalstruktuer. De brekkingsyndeks is 1,76 - 1,78. Korund is net magnetysk.

Om syn hurdheid wurdt it faak brûkt as slypmiddel, fan slypskiven oant skuorpapier. Benei-suvere foarmen fan korund steane bekend as de edelstiennen saffier en robyn en wurde dan ek slipe. It ûnderskaat tusken de twa leit yn in lyts part fan oare metaalatomen, dat ôfhinklik fan it metaal in bepaalde kleur jout oan de stien.