Cornwall
Cornwall ([ˈkɔːnˌwɒl]? Kornysk: Kernow) is de namme fan it bestjoerlike greefskip en it hartochdom yn it uterste súdwesten fan Ingelân, dat fan it greefskip Devon skieden wurdt troch de rivier de Tamar. Cornwall beslacht in oerflak fan 3.563 km², tegearre mei de Scilly-eilannen dy't 45 km fan de kust lizze, en telt 513.528 ynwenners mei in befolkingstichtheid fan 144 mensen/km². De haadstêd is Truro. Foar april 2009 hie Cornwall seis distrikten: Penwith, Kerrier, Carrick, Restormel, Caradon en Noard-Cornwall, en de Scilly-eilannen.
Cornwall hat in rûch en faak noch ûnoantaaste lânskip, wêrfan Bodmin Moor in wichtich diel útmakket. It hat in seeklimaat mei relatyf sêfte winters. Meidat it der selden of nea friest binne in soad (ymportearre) subtropyske planten as palmen en keamerplanten dêr ynboargere. Troch de frij grutte reinfal groeit feanmoas der tige wilich wat dan ek te merkbiten is oan de soad moerassen dy't der binne. It toerisme is de grutste boarne fan ynkomsten, neist fiskerij, lânbou en blommetylt. De yndustry hat him konsintrearre yn de kuststêden Falmouth, Fowey en Penzance. Cornwall is ek in gaadlik plak foar it opnimmen fan films wêrûnder Wycliffe, in Ingelske plysjerige dy't begûn is yn 1994 en dêr't 28 ôfleverings fan makke waarden.
It meast westlike punt hjit Land's End (Penn an Wlas) en is in belangrike toeristyske trekpleister, krektas St Michael's Mount. Ek hat it greefskip in grut oantal prehistoaryske oerbliuwsels wêrûnder tige âlde tinminen dy't út de brûnstiid stamje. Yn de 18e en 19e iuw wie Cornwall ferantwurdlik foar 40% fan de wrâldproduksje fan tin. In kastielruïne tichtby Tintagel wurdt troch de Cornish (ynwenners fan Cornwall) beskôge as it plak dêr't King Arthur berne is (sjoch de King Arthur-leginde). In bekende attraksje is ek Eden Project, in botanyske tún mei twa kassekompleksen dy't foarme wurde troch meardere geodetyske koepels. Dizze botanyske tún leit yn Bodelva, 5 km bûten St Austell.
Yn Cornwall waard it Kornysk sprutsen; der wurdt besocht om dizze útstoarne taal nij libben yn te blazen, sa is der bygelyks in Wikipedia yn it "Kernewek" en in regionalistyske politike partij Mebyon Kernow, dy't lid is fan de Europeeske Frije Alliânsje.
Prins William, de Britske kroanprins, en syn frou Catherine binne hartoch en hartoginne fan Cornwall.
-
Land's End
-
It Eden projekt
-
Truro, de haadstêd fan Cornwall
-
Teäter Minack
-
Falmouth haven
-
Brown Willy, Bodmin Moor; heechste punt fan Cornwall
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |