Konstantin Meyl
Konstantin Meyl (Lemgo, 29 augustus 1952) is in Dútske elektroanikus en enerzjytechnikus. Sûnt 1986 is er professor yn ‘e fermogenselektroanika oan ‘e technyske hegeskoalle fan Furtwangen.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Meyl is yn 1984 promovearre oan ‘e TU München en waard yn 1986 as professor an oan ‘e hegeskoalle fan Furtwangen beneamd. Dêr is er dosint yn e fermogenselektroanika en yn’e oandriuwtechnyk en de bestjoeringstechnyk.
Dêrnjonken striidt Meyl foar syn oertsjûging dat de klassike elektrodynamika op grûn fan ‘e Wetten fan Maxwell ûnfolslein is en troch syn eigen teory ferfongen wurde moat. Dêr brûkt er trefwurden foar as potinsjaaltwirre, skalêrweach of neutrinofermogen (ek yn ferbân mei de teory fan 'e útsettende ierde). Hy beweart dat er dêrmei in unifoarme fjildteory ûntwikkele hat, dêr ‘t alle bekinde wikselwurkings út ôf te lieden binne..
De hegeskoalle fan Furtwangen hat him fan Meyl syn teoryen distânsearre en hat derop wiisd, dat dy “wittenskiplik en metoadysk net erkend, mar yn fakrûnten uterst omstriden binne”. Fierders hawwe se dúdlik makke, dat dy gjin ûnderwerp fan syn wurksumheden oan’e universiteit binne en dat Meyl oer syn teoryen gjin kolleezje jaan mei. [1] [2] Kritisi fan Meyl binne Gerhard Bruhn, dy 't GWUP-lid is, en Klaus Keck, dy 't ticht by de GWUP stiet.[3] [4] Bûten de skeptisibeweging hat Thomas Eibert foar de stúdzjegroep Funk inkelde wurken fan Meyl kritysk besprutsen. [5]
It Institut für Gravitationsforschung fan ‘e Göde-Wissenschaftsstiftung hat de fan Meyl ferkochte eksperimintearboudoaze ûndersocht en kaam ta de konklúzje, dat alle waarnimmings yn it ramt fan ‘e „klassike" elektrodynamika har mei oerdracht troch transfersale elektromagnetyske weagen ferklearje litte“.[6]
Opmerking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ien fan ‘e opfallendste dingen yn Meyl syn teory is, dat er oannimt dat de ljochtfaasje net konstant is. Fierders soe syn teory ynfloed hawwe op oannames oangeande de miljeufeiligens.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dreidimensionale nichtlineare Berechnung von Wirbelstromkupplungen, Stuttgart. 1984.
- Potentialwirbel, Band 1, Villingen-Schwenningen: INDEL-GmbH, Verl.-Abt. 1990. ISBN 3-9802542-1-6
- Potentialwirbel, Band 2, Villingen-Schwenningen: INDEL-GmbH, Verl.-Abt. 1992. ISBN 3-9802542-2-4
- Elektromagnetische Umweltverträglichkeit, Teil 1, Villingen-Schwenningen: INDEL, Verl.-Abt. 1996, ISBN 3-9802542-8-3
- Elektromagnetische Umweltverträglichkeit, Teil 2, Villingen-Schwenningen: INDEL, Verl.-Abt. 1998, ISBN 3-9802542-9-1
- Elektromagnetische Umweltverträglichkeit, Teil 3, Villingen-Schwenningen: INDEL, Verl.-Abt. 2002, ISBN 3-9802542-7-5
- Skalarwellentechnik Villingen-Schwenningen: INDEL, Verl.-Abt., 2000, 3., verb. Aufl., ISBN 3-9802542-6-7
- zusammen mit Buttlar, Johannes von: Neutrino Power. Argo-Verlag, Marktoberdorf 2000, ISBN 3-9806584-8-1
- Scalar Waves, From an extended vortex and field theory to a technical, biological and historical use of longitudinal waves, INDEL-GmbH, Verl.-Abt. 2003. ISBN 3-9802542-4-0
- Sendetechnik der Götter Villingen-Schwenningen: INDEL, Verl.-Abt., 2004, Vollst. wiss. Ausg., 1. Aufl., ISBN 3-9802542-5-9
Film
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Und sie bewegt sich noch! Dokumentation, Frankreich, Italien 2006, 45 Min., Regie: Franz Fitzke, Produktion: ZDF, Erstausstrahlung: 31. Januar 2007 auf arte, Inhaltsangabe von arte und Filmbesprechung, PDF-Datei, 9 S.
Konstantin Meyl feroaret Hilgenbergs teory fan 'e útsetting fan 'e ierde sadanich, dat net de eter, mar de absorbsje fan neutrino's út 'e wrâldrûmte de ierde útsette lieten.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fuotnoaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- ↑ Stânpunt fan ‘e fakulteit Computer & Electrical Engineering oangeande it tema skalêrweagen, 26. November 2007.
- ↑ Hochschule distanziert sich von Messeauftritt
- ↑ Die Meyl'schen Skalarwellen
- ↑ Meyliana
- ↑ Eine kritische Betrachtung der Theorien von K. Meyl
- ↑ Experimente zum Nachweis von Skalarwellen - Versuche mit einem Tesla-Nachbau von Prof. Konstantin Meyl