Komeet 67P/Tsjûrjûmow-Gerasimenko

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Gnome globe current event.svg
Dit ûnderwerp is op it heden yn it nijs.
De ynformaasje kin fluch feroarje.


Comet 67P on 19 September 2014 NavCam mosaic.jpg
67P/Tsjûrjûmow-Gerasimenko

67P/Tsjûrjûmow-Gerasimenko is de namme fan in periodike komeet mei in omlooptiid om de sinne fan 6,6 jier. De komeet is it eindoel fan de ESA romtesonde Rosetta, dy't op 2 maart 2004 yn Frânsk-Guyana lansearre waard en dêr augustus 2014 oankaam.

Skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Diameter: 4 km
Omlooptiid: 6,6 jier
Eksintrisiteit: 0,6
Ynklinaasje: 7,1 graden
Massa: 3,14×1012± 0,21×1012 kg
Untdekt yn : 1969

Untdekking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De komeet waard ûntdutsen fan Klim Tsjûrjûmov. Hy bestudearre de bylden dy't Svetlana Gerasimenko op 11 septimber 1969 op it Astrofysysk Ynstitút Alma-Ata naam hie om komeet 32P/Comas Solá te bestudearjen. Oan de râne fan dy bylden seach er in komeeteftich foarwurp, mar hy tocht yn't earstoan dat it de komeet Comas Solá sels wie.

Werom yn syn eigen ûndersyksynstitút yn Kiev, waarden de bylden nochris yngeand besjoen. Op 22 oktober 1969, waard konkludearre dat it komeet Comas Solá wêze koe meidat dit objekt sa'n 1,8 graden fan it plak lei dêr't de komeet ferwachte wurde koe. Nochris op'en nij besjoen fûn men Comas Solá op it ferwachte plak werom, dat sadwaande hiene Tsjûrjûmov en Gerasimenko in nije komeet ûntdutsen.

Rosetta[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 6 augustus 2014 is de ESA-romtesonde, Rosetta by de komeet oankaam. De komeet sil fierder bestudearre en yn kaart brocht wurde. De lâner fan de sonde, Philae, sil boaiemûndersyk op de komeet dwaan. Op 12 novimber 2014, om 16:30 oere hinne, lâne de Philae, op de komeet.[1] Nei't er in grûnboarring dien hie wie syn akku benei leech en waard it tastel op stand by set. Der wurdt ferwachte dat de sinnepanielen de akku wer oplade kin at de komeet tichter by de sinne komt[2].

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederlânsktalige Wikipedy: Komeet 67P/Tsjoerjoemov-Gerasimenko
  1. nos.nl Primeur: verkenner landt op komeet
  2. NOS-sjoernaal fan acht oere op 15 novimber 2014