Kolumbarium

Ut Wikipedy
Urnemuorre op begraafplak Rijnhof yn Woerden

In kolumbarium (Latyn foar dowehok), is in plak dêr't urnen bewarre wurde; it kin in part fan in mausoleum wêze,of fan in oar gebou, mar it kin ek allinne in muorre wêze.

At in stoflik omskot kremearre wurdt, kin de jiske op ferskate wizen teplak brocht wurde. Dy kin bygelyks ferstruid wurde op in struifjild, faak tichteby in krematoarium, of boppe see. Yn dy gefallen is der lykwols gjin dúdlik oan te wizen lêste rêstplak.

De ferstoarne of syn neisten kinne ek foarkar hawwe foar in yndintifisearber plak. Dan kin de jiske yn in urn byset wurde. Apart ornearre bousels op in begraafplak of yn muorren yn of by krematoaria hawwe nissen foar de urns. Yn Nederlân mei dat ek op it eigen hiem, in saneamd túnkolumbarium. Eltse nis kriget de persoansfeiten fan de ferstoarne op in plakette.

Kolumbariums wienen der al yn de Aldheid; faak wienen it doe nekropolissen ("deadestêden") foar de earmere befolking fan in stêd. Yn it ferline koe in kolumbarium ek in muorre of kelder mei grêven dêryn wêze; no wurdt dat wurd allinne brûkt at it om de jiske fan in ferstoarne giet.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]