Springe nei ynhâld

Koloanjetsjerke (Wilhelminaoard)

Ut Wikipedy
Koloanjetsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
gemeente Westerfjild
plak Wilhelminaoard
adres Ken. Wilhelminaleane 53
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1851
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 37497

De Koloanjetsjerke (ek bekend ûnder de namme Herfoarme tsjerke) is in tsjerkebou yn Wilhelminaoard yn de provinsje Drinte.

Yn it begjin fan de 19e iuw stifte de Maatskippij fan Woldiedichheid yn it ramt fan de bestriding fan earmoede in pear koloanjes yn it súdwestlike diel fan Drinte. Dêr krigen earme hûshâldings út it hele lân in lapke grûn en in wente sa't hja harren wat rêde koene. De Maatskippij fan Woldiedichheid wie net in tsjerklike organisaasje, mar achte de tsjerkegong wol wichtich. Neffens de stifter fan de organisaasje, Johannes van den Bosch, koe godtsjinstoefening de seedlikens fan de bewenners ferbetterje.

Oersicht ynterieur

Ynearsten gongen de bewenners nei tsjerken út de omkriten, lykas dy fan Fledder en Stienwikerwâld. It stie de kolonisten net frij om thús te bliuwen, as hja net gyngen krigen se in boete fan twa stuorren oplein. Om't de doarpen nochal fier leine en it tal kolonisten oanwoeks waarden der letter ek yn de koloanjes tsjerken boud.

De herfoarme tsjerke fan Wilhelminaoard waard yn 1851 boud. De earste stien waard op 1 april 1851 lein troch jonkhear Jan Cornelis Reinier van Hoorn van Burgh, bestjoerslid en sekretaris fan de Maatskippij fan Woldiedichheid. De tsjerke waard boud mei stipe fan it ryk en is in saneamde wettersteatstsjerke.[1]

Mei it ferstjerren fan de lêste dûmny yn 2008 hefte de herfoarme gemeente him op. Op snein 31 maaie 2009 waard der foar it lêst in tsjinst holden. De tsjerke en de njonkenlizzende pastorij binne eigendom fan de Maatskippij fan Woldiedichheid en ryksmonumint. De tsjerke is yn de jierren 2014-2015 restaurearre.

It ynterieur fan de tsjerke is tige ienfâldich. De preekstoel en inkelde banken datearje út de 19e iuw.

Yn it tuorke hinget in klok út 1819, dy't getten is troch Petit en Fritsen.

It ienmanualich oargel mei oanhongen pedaal waard boud troch H. van der Molen út Stienwyk. It ynstrumint is in ryksmonumint en yn 2014 troch Van Vulpen út Utert restaurearre.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Westendorp Boerma, dr. J.J. (1927) Johannes van den Bosch als sociaal hervormer: de maatschappij van weldadigheid, side 147, útjouwer P. Noordhoff Grins