Kodeks Laud
De Kodeks Laud (of Laudianus; kategorisearre ûnder MS. Laud Misc. 678, yn de Bodleian bibleteek, Universiteit fan Oxford) is in wichtich 16e iuwsk manuskript dat yn ferbân brocht wurdt mei William Laud: in Ingelske aartsbiskop dy't de lêste eigner fan dit âlde Meksikaanske kodeks wie.
De kodeks is part fan de Borgiagroep, en is in manuskript dat meast út ôfbylden bestiet. It hat in 24 blêden dy't 48 siden foarmje. De kodeks komt út Sintraal-Meksiko en út de tiid foar de Spaanske ferôvering. In part is ferlern gien.
De kodeks is publisearre, mei in ynlieding fan C. A. Burland, yn Volume XI fan CODICES SELECTI fan de Akademische Druck- u. Verlagsanstalt, Graz.
Wat ynhâld oanbelanget is de kodeks te fergelykjen mei de Kodeks Bodley en de Kodeks Borgia.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- A.D.V.G. faksimilee fan de Kodeks Laud
- Kodeks Laud, digitalisearre troch J.Willard Marriott Library, Universiteit fan Utah