Koarnwertermole

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Koarnwertermûne")
Gean nei: navigaasje, sykje
De Koarnwertermole yn 2008

De Koarnwertermole is in poldermole en ryksmonumint súdeast fan it doarp Koarnwert, yn de gemeente Wûnseradiel. It is in houten achtkante mole, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei reid.

De Koarnwertermole, dy't oan de Koarnwerter Feart stiet, waard yn 1907 boud foar it bemeallen fan it Wetterskip Koarnwert. Dizze polder wie it resultaat fan de gearfoeging fan fiif lytsere polders. De bou fan de Koarnwertermole makke de fiif moles dy't dêrfoar meald hiene oerstallich: se waarden dêrom sloopt. Neidat in swiere stoarm yn de nacht fan 12 op 13 novimber 1972 swiere skea feroarsake hie oan de Koarnwertermole, krige de fizel fan de mole elektryske oandriuwing. De mole waard net wer opknapt en rekke yn ferfal, oant er yn 1999 restaurearre waard. Hy is sûnttiid wer mealree en wurket geregeld op basis fan frijwilligers.

De Koarnwertermole is eigendom fan it Wetterskip Fryslân.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]