Koark-klup

Ut Wikipedy
In lid fan in koark-klup presintearret syn koark. Yn dit gefal is de "koark" fan metaal
Plakken yn Beieren mei in koark-klup; hast alle koark-klups lizze yn dizze steat

In koark-klup (Dútsk: Stopselclub, Stöpselclub, Stopslclub, Stopselklub en Stopselverein) is in sosjale klup yn Dútslân, dêr't de leden fan altyd in koark by har hawwe moatte.[1][2][3]

As leden fan sa'n klup elkoar moetsje, kinne dy fan elkoar easkje harren koark sjen te litten. In lid dy't de koark net toane kin, bygelyks omdat er dy fergetten is, moat in lytse jildboete betelje.[4]

It jild dat de boetes opsmyt wurdt meastal brûkt foar it keapjen fan bier by de folgjende klup gearkomste. In inkele kear stypje koark-klups ek goede doelen.[5][6] Koark-klups hawwe der yn alle gefallen west sûnt de midden fan 'e tweintichste ieu yn de dielsteat Beieren.[7]

Der binne mear as 100 koark-klups yn Beieren.[8]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://www.merkur.de/lokales/muenchen-lk/stopselclub-vergessliche-fuettern-vereinskasse-1371117.html
  2. https://www.ovb-online.de/rosenheim/bad-aibling/stopselclub-pflegt-geselligkeit-4831610.html
  3. http://www.mittelbayerische.de/junge-leser/junior/regional/was-ist-ein-stopselclub-21989-art566290.html
  4. https://www.tz.de/sport/fussball/stopselclub-abensberg-traegt-bayern-sechzig-herzen-brust-6494197.html
  5. http://www.augsburger-allgemeine.de/dillingen/Was-fuer-eine-Spende-id40046477.html
  6. http://www.mittelbayerische.de/region/kelheim-nachrichten/abensberger-helfen-baeckerei-in-nicaragua-21029-art1526102.html
  7. http://www.stopselclub-harthausen.de/history.html
  8. Lânkaart fan koark-klups
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Category:Stopselclub fan Wikimedia Commons.