Koalekit
Appearance
In koalekit is in soarte fan langwerpige amer, dy't spesjaal makke is om koalen út it koalehok wei nei de koalekachel te bringen, en de koalen troch de fuliepening yn de kachel te stoarten om it fjoer oan te hâlden. De foarm fan de koalekit is praktysk: meidat dy nei boppen ta hieltyd smeller wurdt, kin er net maklik omfalle en binne de stofwolken ûnder it ferfier en it leegjen fan de koalekit yn de kachel net botte grut. De hângrepen binne sa makke dat de koalekit goed droegen wurde kin, mar ek maklik leechskodde wurde kin.
Troch de opkomst fan it ierdgas yn de jierren 60 fan de 20e iuw is de koalekachel yn koarte tiid út de Nederlânske wenten ferdwûn en sadwaande ek de koalekit. Soms wurdt er noch foar de sier of as paraplubak brûkt.