Springe nei ynhâld

Końskowola

Ut Wikipedy
Końskowola
Riedshûs
Riedshûs
Symboalen
Bestjoer
Lân Poalen
WoiwodskipLublin
PowiatPuławy
GminaKońskowola
Sifers
Ynwennertal2.020 (2021)[1]
Oerflak7,69 km² km²
Befolkingsticht.262,7 ynw./km²
Hichte140 m
Oar
Stifting14e iuw
Postkoade24-130
Netnûmer+48 81
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Offisjele webside
konskowola.info.pl
Kaart
Końskowola (Poalen)
Końskowola
Lokaasje fan Końskowola yn Poalen

Końskowola (IPA [kɔɲskɔ'vɔla]) is in stêd yn it woiwodskip Lublin, yn it powiat Puławy yn it súdeasten fan Poalen. De stêd hat 2.020 ynwenners (2021) en is it haadplak fan 'e gmina Końskowola.

Końskowola waard nei alle gedachten yn 'e 14e iuw stifte. It doarp hie earst in oare namme en krige pas letter syn hjoeddeiske namme. As stedsje wie it in hannelsplak foar lânbouprodukten út de omkriten. Yn 1532 krige it stedsrjochten en der waard tekstyl produsearre. Oan 'e ein fan 'e 18e iuw kaam it ûnder Eastenryksk bewâld, dêrnei koart ûnder Poalsk bestjoer en sûnt 1815 ûnder Russysk bewâld. Yn 1870 ferlear Końskowola syn stedsrjochten. Yn 1918 waard it wer ûnderdiel fan in ûnôfhinklik Poalen.

By it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldkriich waard Końskowola yn septimber 1939 troch Dútske troepen beset. De besetter rjochte der in kriichsfinzenekamp, in twangarbeiderskamp en letter ek in getto foar Joaden yn. Yn 1942 waarden in soad Joaden deportearre nei it ferneatigingskamp Sobibór, wylst hûnderten oaren yn in tichteby lizzend bosk fermoarde waarden. Yn 'e simmer fan 1944 besochten Dútske troepen it plak noch te ferneatigjen, mar troch ferset fan Poalske ûndergrûnske striders en de komst fan it Reade Leger waard Końskowola befrijd.

Op 1 jannewaris 2025 krige Końskowola syn stedsstatus werom.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De 16e-iuwske parochytsjerke fan it Hillige Krús en de apostel Sint-Andréas mei in bysûnder grêfmonumint Vanitas, nei alle gedachten it grêfmonumint fan Łukasz fan Bnin en Izabela Opalińska, berne Tęczyńska, en wurken fan Tielman fan Gameren.
  • It âlde tsjerkhôf mei bysûndere grêfmonuminten.
  • De Sint-Annetsjerke út 1613,
  • Klassisistysk riedshûs út 1775,
  • It protestantske tsjerkhôf.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: