Springe nei ynhâld

Knipklaai

Ut Wikipedy

Knipklaai is swiere seeklaai, mei in minne boaiemstruktuer en in leech kalkgehalte, dy't tige dreech te bewurkjen is.

De sterk natriumhâldende klaai is gefoelich foar tinen, krimpen en slimpen. Yn wiete tastannen tynt de klaai hurd ticht en nimt dan gjin wetter mear op. By drûchte wurdt de klaai tige hurd en dêrnei ûntsteane der skuorren. Troch it útdrûgjen reitsje oan de boppekant boaiemdieltsjes los en dy folje de djippe skuorren op. It folume nimt ta en de boaiem fertichtet dêrtroch. Troch it slimpen folje lutum en silt de gatsjes oan de boppekant op en der ûntstiet in tichte slimpkoarste. It waaksen fan lânbougewaaksen is op knipklaaigrûn net goed mooglik. Knipklaaigeaen wurde dêrom gauris brûkt as greidlân foar de molkfeehâlderij. Dy klaai is lykwols tige gaadlik foar de stienbakkerij, lykas bakstiennen, stiennen buizen en dakpannen. Nei't de laach knipklaai fuorthelle wurdt, en yn de stienfabryk ferwurke wurdt, kin de boaiem gaadlik makke wurde foar de lânbou.