Springe nei ynhâld

Knibbel

Ut Wikipedy
De knibbels fan in minske.

De knibbel (Latynske namme: articulus genus) is in knier (gewricht) yn it skelet fan minsken en oare sûchdieren en ek yn dat fan 'e measte oare wringedieren. By minsken en oare primaten ferbynt dizze knier yn 'e skonk de skynbonke (tibia) yn 'e ûnderskonk mei de bilbonke (femur) yn 'e boppeskonk. De ferbining dy't dêrtroch ûntstiet, wurdt op it kwetsberste plak, oan 'e foarkant, beskerme troch de knibbelskiif (patella). De knibbelknier bestiet sadwaande út trije bonken. It is de grutste en meast komplekse knier fan it minsklik lichem.

Ut 'e knibbel wei wurdt de skonk rjochtút stutsen ("ekstinsje") troch oanspanning fan 'e spier oan 'e foarkant fan 'e boppeskonk, de fjouwerhadige bilbonkespier (musculus quadriceps femoris), en bûgd ("fleksje") troch oanspanning fan 'e spier oan 'e efterkant fan 'e boppeskonk, de twahadige bilbonkespier (musculus biceps femoris). Dy lêste spier wurdt yn 'e folksmûle mei in lienwurd út it Ingelsk ornaris de 'hamstring' neamd. De foarute/efterute stabiliteit fan 'e knibbel wurdt benammen berikt troch krúslingse bannen fan sine, de krúsbannen (ligamenta cruciforma), dy't de boppe- en de ûnderskonk mei-inoar ferbine. De sydlingse stabiliteit komt troch oare sinebannen, de knibbelbannen (ligamenta collateralia).

De anatomy fan 'e minsklike knibbel, sjoen fan 'e sydkant ôf.

De bewegings fan 'e knibbel geane soepel troch it kreakbien dat yn 'e knier oanwêzich is. Dat is in tin elastyske weefsel, dat de bonken beskermet en derfoar soarget dat de ûnderskate knierflakken maklik oerinoar hinne glydzje. De knibbel befettet twa ferskillende soarten knierkreakbien, te witten: fibreus kreakbien (meniskus) en hyalyn kreakbien. De soepel bûgende wurking fan 'e knibbel wurdt benammen berikt trochdat de knier omfet is troch kapsel en trochdat der kreakbienskiven (menisci) tusken de bewegende bonkedielen sitte. By âldere minsken slyt it kreakbien wolris fuort, mei as gefolch dat by it brûken fan 'e knibbel bonke oer bonke skrabet, wat it bûgen en strekken fan 'e knibbel pynlik makket. Soms wurdt dan as lêste rêdmiddel de knibbelknier operatyf ferwidere en ferfongen troch in keunstknibbel fan metaal.

By fjouwerfuottige bisten lykas in hûn, in hynder of in mûs wurdt de oantsjutting 'knibbel' net inkeld brûkt foar de knier yn 'e efterpoat dy't analooch is oan 'e minsklike knibbel, mar ek foar in soartgelikense knier yn 'e foarpoat, dy't analooch is oan 'e minsklike pols. By fûgels wurdt mei de oantsjutting 'knibbel' ferwiisd nei in knier yn 'e poaten dêr't de skynbonke (tibia) gearkomt mei de skynfuotwoartelbonke (tibiotarsus) en de knibbelskiif (patella) (ynsafier't de oanbelangjende soarte fûgel oer in knibbelskiif beskikt). Leken sjogge by fûgels lykwols faak in sichtberder knier oan foar de knibbel (om't dy leger yn 'e skonk sit en net bedutsen is troch fearren). It giet dêrby om 'e knier dêr't de skynfuotwoartelbonke en de middenfuotwoartelbonke (tarsometatarsus) gearkomme yn wat by minsken it ankel wêze soe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.