Springe nei ynhâld

Kleverskerke

Ut Wikipedy
Kleverskerke
Protestantske tsjerke
Protestantske tsjerke
Symboal
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Seelân
Gemeente Middelburch
Sifers
Ynwennertal56 (2026)[1]
Oerflak0,07 km²
Hichte1 m
Oar
Postkoade4341
Netnûmer0118
Offisjele webside
middelburgontmoet.nl
Kaart
Kleverskerke (Seelân)
Kleverskerke
Kaart
Protestantske tsjerke
Kleverskerke (read) yn 'e gemeente Middelburch.

Kleverskerke is in lyts doarpke op it eilân Walcheren yn 'e provinsje Seelân. It doarp heart ta de gemeente Middelburch en is it lytste doarp fan 'e gemeente.

De Doarpsstrjitte.

Oars as de measte Walcherske doarpen is Kleverskerke gjin komdoarp (mei in doarpsplein om in tsjerke hinne). De bebouwing fan it doarp konsintrearret him om ien strjitte hinne. Oan 'e ein fan 'e Doarpsstrjitte leit de 'Berg te Kleverskerke', in wier dy't oant yn 'e 13e iuw as mottekastiel brûkt waard. Kleverskerke is in isolearre en rêstich plak boppe Arnemuiden en beëasten it Kanaal troch Walcheren.

It doarp en dan fral de tsjerke waard foar of yn 1251 stifte troch in hear mei de namme Kleewaard of Klauwaard. It doetiidske 'Clauwaertskercke' wie al yn 1251 in parochy. De tsjerke wie wijd oan Sint-Joaris. Yn 1670 folge de bou fan in nije, protestantske tsjerke. Dy tsjerke wie yn 1861 sa slim fersakke, dat de tsjerke ôfbrutsen wurde moast en ferfongen waard troch de hjoeddeiske tsjerke.[2]

Nei de oprjochting fan it Keninkryk fan 'e Nederlannen waard Kleverskerke in gemeente mar dy sitewaasje duorre mar oant 1857, doe't Kleverskerke fanwegen it lytse (en net tanimmende) tal ynwenners by Arnemuiden foege waard.

It doarp hat troch de jierren hinne altyd beskermhearen en famyljes hân. Ien fan 'e bekendsten is Maurits fan Vollenhoven (1882-1976), in Nederlânsk diplomaat út de tiid fan om 'e Earste Wrâldkriich hinne. It is ûnbekend wannear en hoe't Van Vollenhoven 'hear fan Cleverskercke' wurden is. Wol is bekend dat hy alle jierren jild oan 'e tsjerke en skoalle fan it doarp skonk.

Ek yn 'e tweintichste iuw woe it tal ynwenners net groeie. Sûnt de weryndieling fan 1997 makket it doarp diel út fan 'e gemeente Middelburch.

Yn 'e tiid fan boargemaster Bert Spahr van der Hoek (1997-2001) ûntwikkele it stêdeboukundich buro BVR, fan ûnder oaren Riek Bakker, in plan foar de fierdere ûntwikkeling fan Middelburch, wêrby't it gebiet om Kleverskerke hinne foar in part yn in wettergebiet feroare wurde soe. It gebiet soe ornearre wurde foar rekreaasje en wenjen oan it wetter, mar de bewenners protestearren fûl tsjin it plan en hja krigen de stipe fan in protte oare Siuwen. Mei it ôftreden fan Spahr van der Hoek liket dat ûnderdiel fan it plan op 'e lange baan skood te wêzen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Gemeente Middelburch
Stêden:
MiddelburchArnemuiden
Doarpen:
Nieuw- en Sint JooslandKleverskerkeSint Laurens
Buorskippen:
BrigdammeOudedorpNieuwe AbeeleSchellach
· · Berjocht bewurkje