Kleaster fan Sarov
Kleaster fan Sarov Свято-Успенская Саровская пустынь | ||
Kleastermuorre mei de Zosima en Sabbatiustsjerke. | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Nizjni Novgorod | |
plak | Sarov | |
adres | Prospekt Mira 31 | |
koördinaten | 54° 55' N 43° 19' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Russysk-Otterdokse Tsjerke | |
oprjochting | 1664 | |
opheffing | 1924 | |
weriepening | 2006 | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 18e iuw-20e iuw weropbouprojekten 21e iuw | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 521420096320006 | |
Webside | ||
nnesp.ru | ||
Kaart | ||
It Kleaster fan Sarov (Russysk: Свято-Успенская Саровская пустынь; Kleaster fan 'e Himelfeart fan 'e Faam Marije) is in russysk-otterdoks kleaster yn 'e Russyske stêd Sarov yn 'e regio Nizjni Novgorod. Om't Sarov in sletten stêd is kin it kleaster net troch pylgers en toeristen besocht wurde.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1664 socht de otterdokske muonts Teodosius it plak út om him op 'e heuvel fan Sarov nei wenjen te setten. In kleaster foar muontsen waard oprjochte troch Ivan Fedorovitsj Popov. As oprjochtingsdatum jildt de wijing fan 'e earste tsjerke op 16 juny 1706. De hearremyt en aseet Serafim fan Sarov, ien fan de meast fereare hilligen yn 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke, wenne fan 1778 oant 1833 yn Sarov.
Yn 1903 besochten tsaar Nikolaas II en oare leden fan 'e keninklike famylje it kleaster. Doe hie it kleaster njoggen tsjerken en likernôch 320 muontsen bewennen it kleaster.
Ofskaffing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bolsjewiken lieten it kleaster yn 1925 slute. Foar de muontsen briek in tiid fan ûnderdrukking oan en mannichien waard fermoarde. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waarden de kleastergebouwen brûkt as fabriken foar de produksje fan lansearynstallaasjes foar de BM-13 Katûsja raket.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de Zosima- en Sabbatiustsjerke ôfbrutsen. De Serafim fan Sarovtsjerke waard yn 1949 yn gebrûk nommen as téater. De barokke Untsliepeniskatedraal wie yn 'e Sovjet-tiid yn gebrûk as garaazje, mar waard yn 1951 ôfbrutsen. De katedraal fan 'e Ikoan-fan 'e-libbenjaande-Maityd krige ferskillende funksjes, mar waard yn 'e jierren 1953-1954 opblaasd. De klokketoer die oant 2012 noch tsjinst as tillefyzjetoer. Oer it kleasterterrein waard yn 'e Sovjet-tiid in strjitwei oanlein. Fan 'e njoggen kleastertsjerken waarden der lang om let yn de Sovjet-tiid meiïnoar sân ferneatige.
Weriepening
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 1992 waard it eigendom fan 'e gebouwen stadichoan wer oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke oerdroegen. Yn 2006 naam de Hillige Synoade it beslut om it monastike libben yn Sarov nij libben yn te blazen. Sûnt waard it kleasterkompleks renovearre en rekonstruearre.
Mei de weropbou fan 'e yn 'e Sovjet-tiid ôfbrutsen katedralen waard yn 2016 útein set. Yntusken is de werbou fan 'e Untsliepeniskatedraal yn 2019 foltôge en ek de Mem Gods-katedraal waard dêrnei ek rekonstruearre.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Untsliepeniskatedraal (1777), yn de Sovjettiid ôfbrutsen, rekonstruearre.
- Katedraal fan de ikoan fan de Mem Gods 'Libbenjaande Maaitiid' (1864), yn 'e Sovjettiid ferneatige, rekonstruearre.
- Grottsjerke fan Antonius en Teodosius.
- Serafim fan Sarovtsjerke (1897-1903), restaurearre.
- Poartetsjerke fan Sint-Nikolaas.
- Tsjerke fan 'e Unthalzing fan Jehannes de Doper mei de benedentsjerke fan 'e profeet Elía (1827), restaurearre.
- Transfiguraasjetsjerke mei de oan de muontsen Zosima en Sabbatius fan Solovetski wijde benedentsjerke (1784), restaurearre.
- Alderheljentsjerke (restaurearre).
- Hillige Geasttsjerke.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Untsliepeniskatedraal (werboud).
-
Katedraal fan de Mem Gods 'Libbenjaande Maaitiid' (werboud).
-
Klokketoer, restaurearre.
-
Zosima- en Sabbatiustsjerke (1784), restaurearre.
-
Alderheljentsjerke (restaurearre).
-
Serafim fan Sarovtsjerke (restaurearre).
-
Tsjerke fan 'e Unthalzing fan Jehannes de Doper (1827), restaurearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Свято-Успенская Саровская пустынь
|