Kleaster Weerd


Schotanus-Halmakaart 1718
It kleaster Weerd of Templum Domnini ('de Timpel fan God'), lei súdeastlik fan Moarre op in terpke oan de noardkant fan de tsjintwurdige Kleasterwei. It Norbertiner kleaster waard fan de abdij fan Dokkum út stifte.
Op it stee fan it eardere kleaster sitte noch fûneminten yn de grûn. Om reden fan archeologyske wearde hat it perseel in beskerme status.[1] [2]
It eardere kleasterterrein waard yn 1975 oanwiisd as ryksmonumint en genietet in foarm fan beskerming.[3] De pleatslike wegen Kleasterwei en Weardwei binne in oantinken oan it kleaster.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stichting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Weerd waard stifte fanút it Sint-Bonifatiuskleaster yn Dokkum wei. Ynearsten wie it kleaster yn Dokkum in dûbelkleaster (foar sawol manlju as froulju). Der wurdt oannaam dat it Bonifatiuskleaster om 1175 hinne ûnder it gesach fan de premonstratinzers kaam te fallen. [4] De oansluting by de strange oarder fan Steinfeld fereaske lykwols in strikte skieding fan de geslachten, en de froulju waarden oerpleatst nei in nij kleaster: Weerd. [5] Hoewol't se fysyk fan elkoar skieden wiene, waarden beide mienskippen noch altyd laat troch ien inkelde abt.[2] Men tinkt dat Weerd koart foar 1200 stifte is, om't it haad fan de Dokkumer mienskip fan dy tiid ôf as "abt" oantsjutten wurdt ynstee fan as "prelaat". It kleaster wurdt neamd yn de vita fan abt Siardus fan Mariëngaarde (ferstoarn yn 1230), wêryn't melding makke wurdt fan de genêzing fan suster Bawe Roorda. [6] It kleaster wurdt foar it earst yn dokuminten neamd yn 1401. .[7] Hoewol't de offisjele namme Templum Domini wie, wie it bekend as Weerd — de namme fan de terp dêr't it op stie. [8] De namme "Weerd" is ôflaat fan it Aldfrysk werth, wat "wierde" of "terp" betsjut.[8] Der wurdt ek sein dat it kleaster de namme Silva St. Mariae (Mariënbos) droech, al wurdt dy bewearing net troch elsenien dield. [9]
Bloeiperioade
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As priorij wie it kleaster ûndergeskikt oan it memmekleaster yn Dokkum; dêrtroch waarden de prior en de keldermaster fan Dokkum út beneamd. [10] Tagong ta it kleaster wie foarbehâlden oan froulju fan foarname komôf, om't der by yntree in skinking fereaske wie. [11] It kleaster waard dêrom befolke troch nonnen út aadlike famyljes. Njonken Bawe Roorda wurde ek Auck Ropta en Syts van Hemmema as nonnen neamd.[10] Fierders hiene nammeleaze leden fan de famyljes Mennema (fan Lytse Jouwer) en Siuxma (fan Waaksens) har by de mienskip oansletten. [12]
Weerd sammele gâns in fermogen troch skinkingen en legaten yn testaminten. Ferskate bewarre bleaune testaminten meitsje melding fan skinkingen fan fetten bier en jildbedraggen oan it kleaster.[13]
Opheffing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rinthie fan Aytta, de doetiidske grytman fan Eastdongeradiel en broer fan de ferneamde steatsman Viglius, die melding fan in oerfal op it kleaster troch de Geuzen yn 1569; dêrby waard it kleaster yn 'e brân stutsen en waarden alle "replik" guod meinaam.[10] In part fan de bút waard letter yn Emden ferkocht.[14] De besittings fan it kleaster waarden yn 1580 troch de Steaten fan Fryslân yn beslach nommen. De oerdracht waard regele troch de kleasterlinge Ansck Luytesdochter, dy't har letter yn it Sint-Anthonygasthûs yn Ljouwert fêstige. Sjoen de oansjenlike ynkomsten fan it kleaster fersocht it bestjoer fan Dokkum de hartoch fan Anjou om it rjocht om, njonken de eardere kleastergrûnen fan de abdij fan Dokkum, ek de opbringsten fan de lytsere kleasters Sion en Weerd op te easkjen. Dit fersyk waard ôfwiisd. [14]
It kleasterlân yn Moarre waard letter ûnderferdield yn ferskate pleatsen. Sa neame de belestingregisters (floreenkohieren) fan 1640 twa sates mei de namme "Cloosterlandt" en ferwize nei in "Sathe thoe Weert", dy't bekend stie as "In het Clooster tot Weerd." Yn 1640 wie dizze lêste pleats eigendom fan Edzard Jacob Clant, en om 1700 waard er holden troch Derk Jacob Clant. Yn 1701 waard de pleats te Moarre - fan 129 pûnsmiet - ynruile foar in besit yn Uithuizermeeden troch Gerhard Horenken fan Dijksterhuis, dy't troud wie mei Bouwina Clant, in dochter fan Derk Jacob Clant. Troch dy útwikseling gie it pân oer nei Aldegonda Maria Clant, in oare dochter fan Derk Jacob Clant.[15] Dizze lannen soene letter yn it besit komme fan de pleatslike boerefamyljes Botma en Sinia, Jan. & No. B. (1980). "Morra, 750 jaar". Morra: yn eigen behear útjûn.</ref>
Ut in tekening fan Jacobus Stellingwerff út 1723 docht bliken dat der yn de 18e iuw noch in rjochthoekich goatysk gebou stie dat by it kleaster hearde. Sjoen de fersieringen fan it gebou kin it tsjinne hawwe as wente foar de rektor of as gasteferbliuw. De resten fan mitselwurk op de tekening wize derop dat dit gebou bûten de kleastermuorren stie.
Besit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't it kleaster wat eigendom oanbelanget in ienheid foarme mei it kleaster yn Dokkum, bliek it kleaster by de opheffing yn 1580 in oerflak fan 1733 pûnsmiet (637 bunder) te hawwen. [16] Weard hie ûnder mear besit yn Eanjum, Ie, Ingwierrum, Jouswier, Ljussens, Mitselwier, Moarre, Nes, Nijewier, Peazens en Westergeast. Dêrneist wie de Fridshuistera State benoarden Mitselwier in kleasterpleats fan 115 pûnsmiet. [12] By it opmeitsjen fan de ynventaris fan de pachters is der in iken kast dy't "van de convente Weert van de Priorinne geschoncken is". [7] It kleaster besiet ek pleatsen yn Tibben, Lyts Midhuzen en Stiem. Yn de omkriten fan Ingwierrum hie it fiif pleatsen op it Ingwierrumer Nijlân, wêrûnder lân bûtendyks; dit wiist mooglik op belutsenens fan it kleaster by de polderwurken yn dat gebiet. [17] Dêrneist hie it kleaster in oandiel yn de feangebieten tusken Kûkherne, Dantumawâld en [[De Trieme. Yn de rin fan de lette fyftjinde en de iere sechstjinde iuw ûntstiene der ferskate konflikten oer dizze feangebieten tusken pleatslike grûneigeners oan de iene kant en de kleasters fan Dokkum, Klaarkamp, Sion en Weerd oan de oare kant. [18]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|