Springe nei ynhâld

Kleaster Fulda

Ut Wikipedy
Wapen fan kleaster Fulda
It kleaster yn 1655. Yn de midden de Ratgar-basilyk

It kleaster fan Fulda, is it Benediktynske kleaster fan Fulda yn Hessen, Dútslân. It waard stfte op 12 maart 744 troch Sint Sturmius, in learling fan Bonifatius.

Sturmius naam it stik lân plechtich yn besit en rjochte in krús op. It ûnlân waard rillegau ree makke foar de bou. Bonifatius joech persoanlik lieding oan de bou fan it kleaster en de tsjerke dy't wijd waard oan de Alderhillichste Ferlosser. Bonifatius beneamde Sturmius as earste abt fan de nije stifting, dy't alle besteande kleasters yn Dútslân yn gruttens en ferneamdens te boppe gean moast, en dy't in kweekskoalle foar prysters wurde moast. De kleasteroarder wie neffens dy fan de Abdij fan Monte Cassino. Sturmius gie sels nei Itaalje (748) om him dêr op de hichte te stellen. Om de folsleine selsstannigens fan de abdij feilich te stellen ferkrige Bonifatius in privileezje (4 novimber 751) fan Paus Zacharias dat de abdij direkt ûnder de Hillige Stoel pleatste en sa net ûnder episkopale (biskoplike) rjochtsfoech foel.[1]

De abten fan Fulda waarden yn de 10e iuw de earste abt fan de Benediktinen yn Dútslân en Galje. Yn de 12e iuw waarden hja ek keizerlike kânseliers en yn de 13e iuw prinsen fan it keizerryk. Fulda wie it sintrum fan kleasterherfoarming yn de tiid fan it regear fan Hindrik II.

It prestiizje fan Fulda naam lykwols ôf yn de neifolgjende iuwen. Yn 1803 waard it sekularisearre nei de Reichsdeputationshauptschluss, mar waard yn 1829 in episkopale sit.

Fulda wie fan 1802 oant 1806 residinsje en besit fan de lettere kening Willem I

De kleasterbibleteek befette sa'n 2000 manuskripten. Dêr waard wurk bewarre sa as Tasitus syn Annales en de Codex Fuldensis. It kleaster wurdt beskôge as de widze fan de Ald-Heechdútske literatuer.

Grûnbesit yn Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster Fulda krige om 800 hinne in protte besit yn Fryslân, fral yn de omkriten fan Dokkum, mei omdat Bonifatius bannen mei Fryslân hie. De krekte grutte en lizzing fan dat besit is mar foar in part te efterheljen. De pacht bestie net allinnich út jild, mar ek wol, flaaks, weefsels en nôt koe de pacht mei foldien wurde. De pacht waard faak min opbrocht; dat ferbettere tydlik nei in reis fan abt Haldamar yn 944. Nei 1160 wurdt gjin Frysk besit fan Fulda mear neamd. De registers fan Fulda en Werden binne wichtige boarnen foar begryp fan de doetiidske ekonomyske- en agraryske tastân. Ek foar geografy, toponomy en antroponymy binne de registers ynstruktyf. Fulda hie yn Fryslân in advokatus, in fertsjintwurdiger, en rintmasters.

Hearskers oer Fulda oant de sekularisaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Katedraal fan Fulda.
Stânbyld fan Sint Bonifatius (1830) yn Fulda
Prins-abt, prins-biskop Heinrich VIII von Bibra troch syn hofskilder Johann Andreas Herrlein

Abten

  • St. Sturmius 744-779
  • Baugulf 779-802
  • Ratgar 802-817
  • Eigil von Fulda 818-822
  • Rabanus Maurus 822-842
  • Hatto I 842-856
  • Thioto 856-869
  • Sigihart 869-891
  • Huoggi 891-915
  • Helmfried 915-916
  • Haicho 917-923
  • Hiltibert 923-927
  • Hadamar 927-956
  • Hatto II. 956-968
  • Werinheri 968-982
  • Branthoh I 982-991
  • Hatto III 991-997
  • Erkanbald 997-1011
  • Branthoh II. 1011-1013
  • Poppo 1013-1018, ek abt fan Lorsch (Babenberger)
  • Richard 1018-1039
  • Sigiwart 1039-1043
  • Rohing 1043-1047
  • Egbert 1047-1058
  • Siegfrid I fan Mainz (Sigfried fan Eppenstein) 1058-1060
  • Widerad fan Eppenstein 1060-1075
  • Ruothart 1075-1096
  • Godefrid 1096-1109
  • Wolfhelm 1109-1114
  • Erlolf fan Bergholz 1114-1122
  • Ulrich fan Kemnaten 1122-1126
  • Heinrich I fan Kemnaten 1126-1132
  • Bertho I fan Schlitz 1132-1134
  • Konrad I 1134-1140
  • Aleholf 1140-1148
  • Rugger I 1148
  • Heinrich II fan Bingarten 1148-1149
  • Markward I 1150-1165
  • Gernot fan Fulda 1165
  • Hermann 1165-1168
  • Burchard Graf fan Nürings 1168-1176
  • Rugger II 1176-1177
  • Konrad II 1177-1192
  • Heinrich III fan Kronberg yn de Taunus 1192-1216
  • Hartmann I. 1216-1217
  • Kuno 1217-1221

Prins-abten

  • Konrad III fan Malkes 1221-1249
  • Heinrich IV fan Erthal 1249-1261
  • Bertho II fan Leibolz 1261-1271
  • Bertho III fan Mackenzell 1271-1272
  • Bertho IV fan Biembach 1273-1286
  • Markward II fan Bickenbach 1286-1288
  • Heinrich V Greve fan Weilnau 1288-1313
  • Eberhard von Rotenstein 1313-1315
  • Heinrich VI fan Hohenberg 1315-1353
  • Heinrich VII fan Kranlucken 1353-1372
  • Konrad IV Greve fan Hanau 1372-1383
  • Friedrich I fan Romrod 1383-1395
  • Johann I fan Merlau 1395-1440
  • Hermann II fan Buchenau 1440-1449
  • Reinhard Greve fan Weilnau 1449-1472
  • Johann II greve fan Henneberg-Schleusingen 1472-1513
  • Hartmann II Burchgreve fan Kirchberg 1513-1521/29
  • Johann III Greve fan Henneberg-Schleusingen 1521/29-1541
  • Philipp Schenk zu Schweinsberg 1541-1550
  • Wolfgang Dietrich fan Eusigheim 1550-1558
  • Wolfgang Schutzbar (oare namme Milchling) 1558-1567
  • Philipp Georg Schenk zu Schweinsberg 1567-1568
  • Wilhelm Hartmann von Klauer zu Wohra 1568-1570
  • Balthasar fan Dernbach (nanmed Grauel) 1570-1576, 1602-1606
  • Johann Friedrich fan Schwalbach 1606-1622
  • Johann Bernhard Schenk zu Schweinsberg 1623-1632
  • Johann Adolf fan Hoheneck 1633-1635
  • Hermann Georg fan Neuhof (waard Ley neamd) 1635-1644
  • Joachim Greve fan Gravenegg 1644-1671
  • Cardinal Gustav Adolf (Baden) (Bernhard Gustav Markgraf fan Baden-Durlach) 1671-1677
  • Placidus fan Droste 1678-1700
  • Adalbert I fan Schleifras 1700-1714
  • Konstantin fan Buttlar 1714-1726
  • Adolphus fan Dalberg 1726-1737

Prins-abten & Prins-biskoppen

  • Amand fan Buseck, 1737-1756, prins-biskop begjint 1752
  • Adalbert II fan Walderdorff 1757-1759
  • Heinrich VIII fan Bibra, 1759-1788
  • Adalbert fan Harstall, 1789-1814, prins-biskop oant 1802
  • Germania Benedictina, Bd.VII: Die benediktinischen Mönchs- und Nonnenklöster in Hessen, 1. Auflage 2004 St. Ottilien , S. 214–375 ISBN 3-8306-7199-7

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fulda yn de Katolike Ensyklopedy

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Fulda.

  • Ingelsktalige Wikipedia, Fulda monastery