Springe nei ynhâld

Klanxbüll

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Klangsbel)
Klanxbüll / Klangsbel
Lokaasje fan Klanxbüll (read) yn de kreis Noard-Fryslân.
Lokaasje fan Klanxbüll (read) yn de kreis Noard-Fryslân.
Symboal
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
KreisNoard-Fryslân
AmtSüdtondern
Sifers
Ynwennertal1.014 (31.12.2024)[1]
Oerflak10,63 km²
Befolkingsticht.95 ynw./km²
Hichte1 m
Oar
Postkoade25924
Offisjele webside
www.klanxbuell.de
Kaart
Klanxbüll (Sleeswyk-Holstein)
Klanxbüll

Klanxbüll (Noardfrysk: Klangsbel; Deensk: Klangsbøl) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente wurket administratyf gear mei oare gemeenten yn it amt Südtondern en hat 1.014 ynwenners (2024).

It gemeentelike grûngebiet fan Klanxbüll leit yn it noardwesten fan it kultuerlânskip Nordfriesische Marsch, in bytsje ynlânsk fan 'e kust fan 'e Noardfryske Waadsee. Trochdat it spoar fan 'e Marschbahn bewesten it plak oant de Hindenburgdaam by de gemeente heart, rint it grûngebiet yn in smelle stripe troch oant yn it waadgebiet.

Tsjerke fan Klanxbüll.

Klanxbüll wurdt yn 1231 foar it earst neamd yn it Grûnboek fan Waldemar (Waldemar-Erdbuch). Om it jier 1240 hinne waard úteinset mei de bou fan in tsjerke. It gebou, dat hjoed-de-dei in beskerme monumint is, is de ienige tsjerke mei in reiden tek op it Noardfryske fêstelân. De preekstoel komt út 'e tsjerke fan it kerspel Volgsbüll op it eilân Strand, dat yn 1634 by de Twadde Grutte Mandrenke ûndergong.

Diken, polders en de Bombüllhof

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de sêge soe de ferneamde seerôver Klaus Störtebeker in skûlplak hân hawwe op 'e Bombüllhof. Fan dêrwei soe in geheime gong troch de dyk nei de see rûn ha. De skiednis fan dy pleats giet lykwols net fierder werom as ± 1550. Yn augustus 2010 waard de pleats troch in brân ferneatige; allinnich de terp (Warft) dêr't it hûs op stie is bewarre bleaun.

Om it jier 1400 hinne kaam it gebiet nei in stoarmfloed los fan it fêstelân, sadat it in eilân waard. Dat eilân waard yn 1436 bedike en dy dyk waard bekend as de Goldener Ring. Yn 1566 waarden nije dammen en diken oanlein. Dêrtroch ûntstie in nije polder, de Gotteskoog, dy't Klanxbüll en omkriten wer mei it fêstelân ferbûn. Omdat der doe noch gjin goede wetterôffier wie en der gjin ferhurde wegen leine, moast it ferfier noch hiel lang oer it wetter oer de Gotteskoogsee plakfine en dat duorre noch oant yn 'e 20e iuw.

Oarloggen en oare misstannen soargen der foar dat it gebiet mei it doarp slim yn it neigean rekken, mar de 18e iuw brocht nije bloei en rike boerepleatsen ûntstien. Fan dy pleatsen is de noch besteande Charlottenhof in moai foarbyld.

De Marschbahn en de Hindenburgdaam

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stasjon.

Nei it referindum yn Sleeswyk fan 1920 krige it plak, ek troch syn lizzing oan it nije spoar fan 'e Marschbahn mei it lêste stasjon op it fêstelân, mear betsjutting. Yn 1927 waard de Hindenburgdaam offisjeel iepene, dy't it Noardfryske fêstelân oer it spoar mei it westlik lizzende eilân Sylt ferbynt. Om it stasjon hinne ûntstie dêrnei de hjoeddeiske doarpskearn.

Nammeferklearring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De plaknamme Klanxbüll giet mooglik werom op de persoansnamme Klenke. De útgong -büll (respektivelik -bøl of -bel) betsjut yn it Deensk en Noardfrysk soksawat as "wenplak" of "delsetting".

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Stêden en gemeenten yn 'e Kreis Noard-Fryslân
Achtrup · Ahrenshöft · Ahrenviöl · Ahrenviölfeld · Alkersum · Almdorf · Arlewatt · Aventoft · Bargum · Behrendorf · Bohmstedt · Bondelum · Bordelum · Borgsum · Bosbüll · Braderup · Bramstedtlund · Bredstedt · Breklum · Dagebüll · Drage · Drelsdorf · Dunsum · Elisabeth-Sophien-Koog · Ellhöft · Emmelsbüll-Horsbüll · Enge-Sande · Fresendelf · Friedrich-Wilhelm-Lübke-Koog · Friedrichstadt · Galmsbüll · Garding · Garding, Kirchspiel · Goldebek · Goldelund · Gröde · Grothusenkoog · Haselund · Hattstedt · Hattstedtermarsch · Högel · Holm · Hooge · Hörnum (Sylt) · Horstedt · Hude · Humptrup · Husum (haadstêd) · Immenstedt · Joldelund · Kampen (Sylt) · Karlum · Katharinenheerd · Klanxbüll · Klixbüll · Koldenbüttel · Kolkerheide · Kotzenbüll · Ladelund · Langeneß · Langenhorn · Leck · Lexgaard · List · Löwenstedt · Lütjenholm · Midlum · Mildstedt · Nebel · Neukirchen · Nieblum · Niebüll · Norddorf auf Amrum · Norderfriedrichskoog · Nordstrand · Norstedt · Ockholm · Oevenum · Oldenswort · Oldersbek · Olderup · Oldsum · Ostenfeld (Husum) · Oster-Ohrstedt · Osterhever · Pellworm · Poppenbüll · Ramstedt · Rantrum · Reußenköge · Risum-Lindholm · Rodenäs · Sankt Peter-Ording · Schwabstedt · Schwesing · Seeth · Simonsberg · Sollwitt · Sönnebüll · Sprakebüll · Stadum · Stedesand · Struckum · Süderende · Süderhöft · Süderlügum · Südermarsch · Sylt · Tating · Tetenbüll · Tinningstedt · Tönning · Tümlauer-Koog · Uelvesbüll · Uphusum · Utersum · Viöl · Vollerwiek · Vollstedt · Welt · Wenningstedt-Braderup (Sylt) · Wester-Ohrstedt · Westerhever · Westre · Winnert · Wisch · Witsum · Wittbek · Wittdün auf Amrum · Witzwort · Wobbenbüll · Wrixum · Wyk auf Föhr
· · Berjocht bewurkje